Warskôging foar tongerbuien yn it wykein

07 aug 2021 - 18:59

It KNMI hat foar it Noarden koade giel ôfkundige fanwege in oantal flinke tongerbuien. Der is kâns op wynstjitten en tongerynslach. "It kinne flinke buien wêze mei tonger en in soad wetter op de dyk. Foar de wettersport en it ferkear in dúdlike warskôging", seit waarman Piet Paulusma.

Flinke tongerbuien boppe Lúnbert - Foto: Noordernieuws

Koade giel is foarearst tusken 14.00 en 21.00 oere jildich. Der kinne wynstjitten oant sa'n 65 kilometer yn it oere foarkomme. Yn de rin fan de jûn lûke de meast aktive buien wer fuort.

Benammen it súdeastlike part fan de provinsje hat sneontemiddei al te krijen mei tongerbuien. Yn de omkriten fan De Gordyk, Easterwâlde en Appelskea gie it der om wei. Dat is ek it gefal by Flylân en Skylge.

Buien mei tonger en in soad wetter

"In part giet oer it Easten, in part giet oer it Waadgebiet", seit waarman Piet Paulusma. "Je kinne better net mei in boat op it wetter wêze. Wy binne der dêrmei net, want letter yn de middei en jûn folgje der wer stevige buien. Snein ek, dan waait it ek nochris hurd: krêft 7 út it súdwesten wei en wynstjitten yn krêft 8 of 9."

Waarman Piet Paulusma

(Advertinsje)
(Advertinsje)