RIVM: 73 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 73 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der seis minder as freed. Doe gie it om 79 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 78 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat trochsneed op 82.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (17). Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (16) en Noardeast-Fryslân (9).
Fjouwer gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om Amelân, Harns, Skiermûntseach en Skylge.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Ien sikehûsopname

Der is wol in Fries yn it sikehûs bedarre mei it coronafirus, dat giet om in ynwenner fan gemeente Waadhoeke.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.448. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.272 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.