Scouting It Hearrenfean hat opbringst klimaksje oan Valkenburg donearre

07 aug 2021 - 15:17

De fiif leden fan scouting Polaris op It Hearrenfean hawwe in bysûndere aksje folbrocht. Se hawwe op in yndustryterrein in grut platfoarm boud fan houten peallen, dêr't sy seis dagen op slept hawwe. Der is goed 800 euro ophelle: dat is sneon oan de Limburchske scouting jûn dy't it swierst troffen is troch de oerstreamingen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De útdaging fan de scouts wie om seis dagen op hichte te libjen, sûnder in foet op de grûn te setten. De sjek mei it bedrach is sneon oerlange oan de Sint Franciscusgroep fan Valkenburg. Dizze scouting hat de measte lêst hân fan de grutte reinfal en de oerstreamingen dy't koartlyn it suden fan it lân troffen.

Neffens de manlju hat it in moai aventoer west, al wie der wol in soad rein en wyn. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat noch del west en der is kontakt lein mei ferskate oare scoutinggroepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)