Omrop TIP: Beklimmers fan it flakke lân (diel 5): It doarp fan de takomst

De krêft fan doarpen stiet sintraal yn diel 5 fan de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' fan FryslânDOK. 'It doarp fan de takomst' is te sjen op 7 augustus by NPO2 en op 8 augustus by Omrop Fryslân. Der heart ek in podcast by, we prate mei Floris Alkemade.

Podcast 'Beklimmers'

Ryksboumaster Floris Alkemade is derfan oertsjûge dat it plattelân in wichtige rol spilet yn fernijing, by krúsjale tema's as enerzjy, lânbou, ynfrastruktuer en it ynrjochtsjen fan de iepenbiere romte.
Alkemade leaut yn de krêft fan doarpen. Hy neamt se ideale leefmienskippen, dêr't minsken elkoar stypje en rekken hâlde mei inoars belangen. Yn de podcast 'Beklimmers', fan de 'Ferhalen fan it flakke lân', in wiidweidich ynterview mei de ryksboumaster.

Feanwâlden en it doarp fan de takomst

In doarp dat hurd oan 'e gong is mei fersterking en fernijing is Feanwâlden. Troch de oanlis fan de Sintrale As waard de dyk dy't dwers troch it doarp rûn oerstallich. Op it frijkommen terrein komt in transfearium, dêr't reizgje, rekreëarje en flekswurkje mei elkoar ferbûn wurde.
Feanwâlden wurket dêrby gear mei arsjitekteburo Karres en Brands, dat yn Denemarken mei-ûntwerper is fan 'it doarp fan de takomst': in hiel nij boud doarp dat foldocht oan alle moderne ynsichten fan kwaliteit fan libjen yn in doarp.
Detail plan Feanwâlden © Omrop Fryslân

De 'Beklimmers' dizze simmer op TV

Mei de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' jout FryslânDOK romte oan nije inisjativen, faak lytsskalich en lokaal, basearre op grutte ideeën en idealen. Fan pluktunen oant technologyske ynnovaasjes, fan in 'Blue Zone' oant nije foarmen fan demokrasy. Alle njoggen ôfleverings wurde dizze simmer nochris útstjoerd. De tema's binne: perspektyf, natoer & lânskip, lânbou, sûnens, it doarp fan de takomst, jongeren, bestjoer, spiritualiteit en, as lêste, de Fryske kultuer. De plannen en ideeën komme fan wittenskippers en fan de plattelânsbewenners sels.
De FryslânDOK-searje is makke troch programmamakkers Bart Kingma en Albert Jensma. It kamerawurk is fan Jan Bensliman. Bauke de Haan die de montaazje.
Albert Jensma, Jan Bensliman en Bart Kingma © Omrop Fryslân
FryslânDOK: Beklimmers fan it flakke lân, diel 5: It doarp fan de takomst. Dit is in werhelling fan 20/21 maart 2021.
Sneon 7 augustus, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 8 augustus 13.10 oere)
Snein 8 augustus,17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.