Eanjumse fytst tûzen kilometer foar alzheimer: "Ik bin in karakterfytser"

07 aug 2021 - 09:36

Tûzen kilometer fytse yn tsien dagen tiid: dat doel hat Nathalie Zwaagstra (23) út Eanjum harsels steld. Sneontemoarn is se op de fyts stapt rjochting de earste bestimming fan de dei, Julianadorp aan Zee. Dit alles om jild op te heljen foar it goede doel: yn dit gefal Alzheimer Nederland.

Nathalie Zwaagstra - Foto: Wiebe Pekema

De doelstelling fan Nathalie is om yn totaal 5.000 euro op te heljen. Dêrfoar hat se in donearaksje opset. Nathalie har beppe hat alzheimer en dêrtroch is se ekstra motivearre om de fytstocht ta in goed ein te bringen.

Sneon giet de tocht nei Noard-Hollân. Letter giet se ûnder mear nei Goes, Valkenburg en Groningen. It is de bedoeling dat Nathalie op moandei 16 augustus wer yn Eanjum oankomt.

In soad traind hat Nathalie net. "It trainen koe ik wol op twa hannen telle. Mar ik bin echt in karakterfytser, dus it moat hielendal goed komme."

Nathalie Zwaagstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)