Mear as hûndert jier âlde Fryske skippen moetsje inoar foar reüny yn Heech

07 aug 2021 - 08:20

Admiraalsilen, wedstriidsilen en inoar wer moetsje; it binne yngrediïnten fan de Regionale Friese Reünie foar eigeners fan âlde en meastentiids houten Fryske frijetiidsskippen, lykas boeiers en skouwen. It treffen fynt al sûnt 1968 plak.

Frysk farrend erfgoed byinoar yn Heech

Wylst de grutte syleveniminten net trochgean koenen, is der dit wykein wol romte foar de reüny yn Heech mei hûndert dielnimmers op tritich skippen. Der dogge wat minder mei as oare jierren, mar de organisaasje is tefreden mei de opkomst.

Sportaktiviteit

Ferline jier gie it net troch fanwege de coronamaatregels. De organisaasje hat mei de gemeente Súdwest-Fryslân besprutsen oft it dit jier wol trochgean koe. "We zijn natuurlijk geen evenement, maar een sportactiviteit. In dat kader kan het goed", seit foarsitter Maarten Vermeulen fan de Regionale Friese Reünie.

"We zijn ook niet openbaar en er zijn hier geen toeschouwers. Er wordt ook geen ruchtbaarheid aangegeven. Dit is voor ons, zodat we samen kunnen zijn met onze schepen en dat we samen kunnen wedstrijdzeilen en admiraalzeilen."

Frysk erfgoed

De measte skippen binne al mear as hûndert jier âld en alle skippen meitsje diel út fan it Frysk erfgoed, seit Vermeulen. "Kijk naar jullie eigen Statenjacht, twee jaar geleden 125 jaar oud."

In soad skippen binne ek al hiel lang yn besit fan deselde famyljes. "Daar waar de grootouders en ouders tegen elkaar zeilden, zeilen nu de kinderen weer tegen elkaar."

Boeiers op in rige yn de passantehaven fan Heech - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Rûch wykein

Foar de sylwedstriden liket it in rûch wykein te wurden, mei in hurde wyn. Ek al binne it kostbere skippen, der wurdt neffens Vermeulen net ekstra foarsichtich mei omsprongen. It wedstriidelemint en de winst steane foarop.

"Met deze prachtige scheepjes gaan wij gewoon twee centimeter achter elkaar langs bij bakboord-, stuurboordsituaties, bijvoorbeeld", fersekeret Vermeulen.

Foarsitter Maarten Vermeulen fan de Regionale Friese Reünie

(Advertinsje)
(Advertinsje)