Bline seehûn fûn op Amelanner strân

06 aug 2021 - 22:37

De biste-ambulânse fan It Amelân hat in blyn seehûntsje fûn. Beide eagen fan it bist binne ûnderûntwikkele. Soks komme de minsken fan de biste-ambulânse net faak tsjin, seit in wurdfierder.

De bline seehûn - Foto: Facebook RTZ & Dierenambulance Ameland

Doe't de ferswakke seehûn op it Amelanner strân foar it earst fûn waard, waard melding dien fan in gewoane seehûn. Frijwilligers seagen wol dat it bist frjemde eagen en in opsette kop hie.

Yn earste ynstânsje gong de gedachte nei in stevige eachûntstekking, mar foar fierder ûndersyk moast de seehûn nei de fêste wâl. Dêr die bliken dat it bist folslein blyn wie. Fierder is de seehûn wol yn goede kondysje.

Neffens de minsken fan de biste-ambulânse hoecht de blinens gjin beheining te wêzen om yn it wyld te oerlibjen. By it jeien op fisk brûke se net allinnich de eagen, mar ek de snorhierren.

Trefwurden: 
It Amelân seehûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)