Merke soarget dochs foar wat ferdivedaasje yn Snits

De Snitswike mei dan wol net trochgean; der is dochs wat te belibjen yn en by Snits. Op 'e mar wurdt syld en op it Martiniplein is der sûnt freed wer in merke. Al is dy merke wol oars as oare jierren.
Merke soarget dochs foar wat ferdivedaasje yn Snits
Sa meie der rûchwei net mear as tûzen minsken tagelyk op it Martiniplein wêze. De merke is in saneamd 'trochstreamevenemint'. Dat betsjut dat foar eltse besiker minimaal fiif kante meter beskikber wêze moat.
"Een belangrijke maatregel is dat het een afgebakend evenemententerrein moet zijn", seit Marrie Eringa. Sy is adviseur iepenbiere oarder en feilichheid by de gemeente Súdwest-Fryslân. "Vandaar dat er ook hekken om de kermis heen staan. Dat zijn we normaal gesproken niet gewend."
In merke ûnder betingsten yn Snits © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Tal minsken telle

Se moatte ek yn de gaten hâlde hoefolle minsken oft op it terrein binne. "Daarvoor hebben we een telconstructie boven de toegangspoorten die registreert hoeveel mensen erin en eruit gaan. Zo weten we altijd hoeveel mensen er op het terrein zijn. Dan kunnen we ook waarborgen dat iedereen anderhalve meter afstand van elkaar kan houden."

Gjin eksakte wittenskip

Dy berekkening fan tûzen minsken is gjin eksakte wittenskip; je moatte der bygelyks ek rekken mei hâlde dat der ek minsken yn de attraksjes sitte en dat ferskilt noch wol wat. Fansels is it ek oan it publyk sels om goed ôfstân te hâlden. Mei dêrfoar binne gemeentlike hanthaveners aktyf, in befeiligingsbedriuw en minsken fan de merke sels.
Tommy Boesveld eksploitearret 'de Reactor' op de Snitser merke © Omrop Fryslân, Remco de Vries
By de gemeente binne se bliid dat dit trochgean kin, seit Eringa: "Er zijn zoveel evenementen die niet door kunnen gaan en dan is het natuurlijk prachtig voor de stad, de bezoekers en ook zeker de kermisexploitanten dat dit weer georganiseerd kan worden."
Ien fan dy eksploitanten is Tommy Boesveld fan de Reactor. Snits is syn fjirde merke dit jier: "We zijn zeker blij dat we weer open zijn. En dat we ons bedrijf weer kunnen laten draaien. Er is genoeg belangstelling op het ogenblik. Dus ja, we zijn erg blij."

'Regels meie wol wat oprutsen wurde'

Ideaal is it net. Wat Boesveld oanbelanget meie de regels lanlik noch wol wat mear oprutsen wurde: "Als we om ons heen kijken naar wat er gebeurt op alle doorstroomlocaties zijn we blij dat we zo kunnen exploiteren, maar de regels mogen wat mij betreft wel wat minder gaan worden. Want ik denk toch dat we hiermee moeten gaan leren leven."
De iene gemeente is ek stranger as de oare en der binne ek guon dy't noch hielendal gjin merke tastean.