Strânskjinmakkers fine folle minder ôffal: "Ramp MSC Zoe heeft bewustzijn gecreëerd"

06 aug 2021 - 20:18

By de jierlikse skjinmakaksje fan stichting De Noordzee wurdt dit jier folle minder ôffal ophelle as oare jierren. Dat hat te krijen mei in oare opset fan de aksje, mar ek omdat der echt minder smoargens leit op de strannen. De oprommers wienen freed foar it lêst oan de slach op Fryske strannen.

Skjinmakkers fine ôffal op it strân fan Skylge - Foto: Laura Conijn / ProNews

De stichting is troch hiel Nederlân dwaande mei it skjinmeitsjen fan de strannen. Ien fan de plakken dêr't it snein allegear begûn, wie op Skiermûntseach. Letter folgen It Amelân, Skylge en freed Flylân.

En wat dêrby opfalt, is dus dat der minder fûn wurdt as oare jierren. Op Skylge bygelyks 150 kilo ôffal, twa jier lyn wie dat noch 750 kilo. Op It Amelân is de delgong minder grut, mar dêr gong it dochs fan 460 kilo twa jier lyn nei 275 kilo dit jier.

Mear minsken sette har yn

Offalekspert Marijke Boonstra tinkt dat it ûnder oare komt troch de ramp mei kontenerskip MSC Zoe. "Daardoor is er waarschijnlijk meer bewustzijn gekomen. En het heeft ervoor gezorgd dat meer mensen zich willen inzetten voor een schone zee."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe, ferlear begjin jannewaris 2019 yn totaal 342 konteners yn see. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Sjoch foar ús berjochten oer de kontenerramp op ús dossierpagina.

Dy minsken dy't altyd op de strannen binne, romje alle dagen ôffal op. "En als wij er zijn, blijft het een momentopname. Het is heel fijn dat mensen meehelpen met opruimen."

Serieuze delgong

Boonstra leaut ek echt dat der minder ôffal op de strannen smiten wurdt, en net dat der allinnich mear minsken binne dy't it hiele jier dwaande binne mei skjinmeitsjen. "We zien het wel variëren, maar ook als we kijken naar het nationale strandafvalonderzoek, dan zien we in vergelijking met tien jaar geleden toch een significante daling."

In diel fan de opbringst op Skylge - Foto: Laura Conijn / ProNews

By de skjinmakaksjes, dy't de namme Beach Cleanup Tour ha, lei de fokus dit jier op sigarettepeuken. Yn de filters fan sigaretten sit plestik en dat is skealik foar de natuer. "We roepen mensen op om niet hun sigarettenpeuk in het strand uit te duwen."

Het strand is geen asbak, dus neem de peuk mee en gooi 'm in de prullenbak.

De fokus fan de skjinmakaksje lei dit jier op sigaretten

Dy sigaretten binne benammen in probleem op toeristyske strannen, seit Boonstra. "En in coronatijd zijn de stranden ook meer bezocht. Dat was ook een reden om vooral op die sigaretten te focussen. Het strand is geen asbak, dus neem de peuk mee en gooi 'm in de prullenbak. Vervuil het milieu er niet mee."

De stichting freget net allinnich oan smokers om der better oer nei te tinken: "We vragen ook aan bedrijven om meer milieuvriendelijke alternatieven te ontwikkelen, dus filters zonder plastic."

Sjoch hjir hoe't de skjinmakkers dwaande wienen op Skiermûntseach:

(Advertinsje)
(Advertinsje)