Friezinnen ferdiele titels op NK skeelerjen yn Rotterdam

06 aug 2021 - 19:51

Moniek Klijnstra fan It Hearrenfean en Marijke Groenewoud fan Hallum ha yn Rotterdam nasjonale titels pakt by it skeelerjen. Klijnstra wie de bêste op de one lap, Groenewoud wûn de puntekoers.

Yn de finale fan de one lap, wêryn't de dielnimmers ien rûntsje skeelerje, naam topfavorite Klijnstra it op tsjin Lianne van Loon, Fleur Huls en Sascha Schenk.

Nei't Klijnstra yn earste ynstânsje in falske start makke, wie se dêrnei wol goed fuort. De Friezinne pakte direkt de lieding en stie dy net mear ôf. Yn de lêste meters kaam Lianne van Loon noch wol hiel tichtby, mar se kaam der net mear foar del.

Groenewoud oppermachtich

Groenewoud, dy't krekt as Klijnstra ek goed út de fuotten kin op it iis, wie oppermachtich op de puntekoers. Mei Fleur Veen naam se in grutte foarsprong op it peloton. Sy ferdielden de punten by de tuskensprints. En omdat de Hallumse de measte tuskensprints wûn, pakte se in foarsprong.

Marijke Groenewoud wint de puntekoers - Foto: Timsimaging.nl

Doe't de twa koprinsters fjouwer rûntsjes foar de ein byhelle waarden, hie Groenewoud al safolle punten dat se net mear ynhelle wurde koe. Berber Vonk fan Appelskea pakte it brûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)