Sifan Hassan: fan Ljouwert nei mytyske status yn Tokio

"Brûns is net wat we ferwachte hienen, mar it is noch hieltyd hiel knap." Geart van der Zee siet mei spanning te sjen nei syn âld-ferieningsgenoat Sifan Hassan. Dy pakte freed har twadde olympyske medalje: nei goud op de 5 kilometer waard se freed tredde op de 1.500 meter.
Fan Ljouwert nei Tokio: it ferhaal fan Sifan Hassan:
De namme fan Hassan wurdt net gau fergetten. Se hie al in ymposante earelist, mar op dizze Olympyske Spelen wreidet se dy yn alle gefallen mei twa medaljes út. En se hopet noch in tredde te heljen, op de 10 kilometer. Hassan soarget foar in unikum: se is de earste atleet dy't de 1.500, 5.000 en 10.000 kombinearret op de Spelen.
In part fan har jeugd brocht se troch yn Ljouwert, dêr't se hurddraafde by atletykferiening Lionitas. Geart en Frouke van der Zee wienen har ferieningsgenoaten en folgje har noch hieltyd. Dus ek freed, by de olympyske finale fan de 1.500 meter. Dat dogge se mei soannen Yme en Hidde.

Wachtsje is dreech

Dy lêste is der wis fan dat Hassan goud pakt, Geart hâldt in slach om de earm. "Sifan is wat mear fan it wachtsjen. Yn hoefiere kinst dat dwaan op de 1.500 meter?"
Sifan Hassan rjochts, mei har konkurrintes yn de achterfolging © ANP
Hassan wachtet yndie net ôf. Se besiket de race hurd te meitsjen, rint lang op kop, mar wurdt yn de lêste ronde ynhelle troch Faith Kipyegon en Laura Muir. Brûns dus. "Sulver hie ik wol op rekkene", seit Geart van der Zee. "Ik hie net ferwachte dat se noch achter Muir sitte soe."

Soad wyn yn it stadion

"Ik wilde de race hard maken, maar er stond veel wind in het stadion", sei Hassan nei har brûnzen race. "Ik ben licht, dus ik kon niet echt goed doortrekken. Voor Kipyegon was het makkelijk achter mij te lopen. Ze doet maar één afstand, dus is ook frisser. Ik miste de kracht om te versnellen."
De famylje Van der Zee ken Hassan dus al lang. Oer har ferline yn Etiopië seit Hassan net in soad. Wat wol bekend is, is dat har selsstannige libben yn Nederlân begûn yn Ljouwert.
Se stie as skruten famke lâns de kant nei de baan te sjen.
Geart van der Zee oer Sifan Hassan har earste perioade by Ljouwerter atletykferiening Lionitas
Yn 2008 kaam se as 15-jierrich famke oan yn Nederlân. Se ferbleau earst yn in sletten opfang yn Súdlaren en dêr begûn se foarsichtich mei hurddraven. Nei acht moannen ferhuze se nei de Ljouwerter wyk Aldlân. It duorre net lang foar't se dêr it rinnen wer oppakte by Lionitas.
"Se stie as skruten famke lâns de kant nei de baan te sjen", fertelt Geart. "Wêr moat ik wêze?" Mei in freon frege Geart oan Hassan oft se meidrave woe.

Olympyske dream

Neffens Yke Schouwstra, har trainster by Lionitas, sprong Hassan der fuort út. Al betiid sei se dat se nei de Spelen woe. Geart en Frouke fertelle dat kommunikaasje yn it begjin lestich wie. Oer har dreamen hienen se it dan ek net. Mar kwaliteit seagen se wol yn it famke, dat wienen de earste sinjalen fan har olympyske dream. En dy kwaliteiten ha Hassan no dus al twa olympyske medaljes brocht.
Sifan Hassan nei de 1.500 meter, wêrop't se brûns pakte © ANP
Geart en Frouke hoopje dat it ferhaal fan Hassan in ynspiraasje wêze kin foar oare atleten, bygelyks har eigen bern.

90 prosint kâns op nochris goud

Sifan Hassan is noch net klear yn Tokio. Se hat har sinnen set op in tredde medalje. Sneon om 12.45 oere lûkt se de hurdrinskuon noch in lêste kear oan, dan foar de 10.000 meter. Dêr hâldt se fertrouwen yn: "Ik zeg 90 procent kans dat ik goud win morgen op de 10.000 meter."