Advokaat wol dúdlikere faksinaasjeregels fan oerheid: 'It is no in gaos'

06 aug 2021 - 18:05

De oerheid moat mei heldere regels komme oer hoe't bedriuwen en ynstellings omgean moatte mei wurknimmers dy't wol of net faksinearre binne. It is no in gaos, seit de Ljouwerter advokate sûnensrjocht Cynthia Grondsma fan Rotshuizen Geense Advocaten.

In bedriuw mei in wurknimmer oar wurk jaan, as dy gjin prik ha wol:

Neffens Grondsma is it belied no lang net dúdlik: "Dat is een duidelijke klacht van bedrijven en instellingen. Wat kan nou wel en wat niet? Nu maakt iedereen een eigen beleid en dan is het aan de rechter om te oordelen wat wel en niet door de beugel kan. Dan heb je ook nog dat de ene rechter weer anders oordeelt dan de andere. Dit roept om helder beleid van de overheid."

Op het moment dat de werknemer kiest om geen duidelijkheid te geven, kan het wel consequenties hebben voor het soort werk dat die persoon doet.

Advokate Cynthia Grondsma

In faksinaaasjeplicht is der net yn Nederlân. Bedriuwen meie dat ek net easksje fan har wurknimmers. "Je mag het ook niet vragen aan personeel. Dat is in strijd met de privacy. Je mag het ook niet registreren, want dat is in strijd met de AVG (Algemene Verordening Gegevensbescherming red.). Maar op het moment dat de werknemer kiest om geen duidelijkheid te geven, kan het wel consequenties hebben voor het soort werk dat die persoon doet."

It giet dan bygelyks om soarchmeiwurkers dy't mei kwetsbere minsken wurkje. Wurkjouwers meie in personielslid oar wurk jaan.

Stap fierder giet 'te fier'

Dat is oars foar as je in dûnsskoalle ha en allinnich learlingen ha wolle dy't faksinearre binne, seit Grondsma. De eigener fan in Utrechtse dûnsskoalle akseptearret gjin resinte negative test, mar wol in faksinaasjebewiis sjen. "Dat gaat nog een stap verder", seit Grondsma. "Een negatieve test wordt in Nederland algemeen geaccepteerd. Dat wordt veilig bevonden."

Cynthia Grondsma - Foto: Omrop Fryslân

Mar de eigener fan de dûnsskoalle fynt dat net genôch. Grondsma tinkt net dat syn stânpunt stânhâldt yn de rjochtbank: "Dan is de vraag wat voor soort onderneming het is en of er alternatieven zijn. Hebben mensen de keuze om wel of niet naar jou toe te gaan? Hebben ze de mogelijkheid gehad zich te vaccineren of zijn er medische redenen om dat niet te doen? Dat gaat een belangenafweging worden voor de rechter."

Grondsma skat yn dat it stânpunt fan de dûnsskoalle om in faksinaasjebewiis te easkjen te fier giet.

Trefwurden: 
faksinaasje coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)