Ofslútdyk hiele nacht yn beide rjochtingen ticht

06 aug 2021 - 16:28

It ferkear yn Fryslân moat dit wykein rekken hâlde mei fertraging op twa rykswegen. Fan freed 18.00 oere oant moandei 6.00 oere wurdt in part fan de A32 ôfsletten. En de Ofslútdyk is freedtejûn fan 22.00 oant sneontemoarn 8.00 oere ticht.

De Ofslútdyk - Foto: ANP

De ôfsluting fan de A32 is nedich omdat der in rioelbuis ûnder de dyk troch oanlein wurdt. Yn de rjochting fan Ljouwert is de dyk ticht tusken de oprit Hearrenfean Oranjewâld en it knooppunt Hearrenfean. De oare kant op giet ien rydstripe ticht.

De Ofslútdyk giet tusken Den Oever en Surch yn beide rjochtingen ticht. Der wurdt in sântransportbân opboud. Dat is in grutte konstruksje dy't sân fan de Iselmar oer de dyk nei de Waadseekant fan de dyk bringt. Al dat sân is nedich om de Ofslútdyk te fersterkjen.

Freedtemiddei is it al drok op de Ofslútdyk, beide kanten op. Dat komt ûnder oare troch it wurk dêr, mar ek troch de ferkearsdrokte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)