Bedriging mei fjoerwapen yn Drachten: omstanners oermasterje fertochte

06 aug 2021 - 16:28

De plysje fan Drachten hat in man oanholden foar bedriging mei in fjoerwapen. Doe't de plysjes oankamen, hiene omstanners de man al oermastere.

It Moleneind yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Plysjes ha de man dêrnei oanholden oan it súdkant fan it Moleneind. Op de grûn lei in trochladen fjoerwapen. Dat hat de plysje yn beslach naam.

De fertochte is in man fan 20 jier sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. Op it plysjeburo kaam de plysje derachter dat er ek harddrugs by him hie. Dat is ek yn beslach naam troch de plysje.

Trefwurden: 
plysje Drachten bedriging
(Advertinsje)
(Advertinsje)