RIVM: 79 nije coronabesmettingen, ien nije sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 79 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der trije mear as tongersdei. Doe gie it om 76 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 82 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 85, in wike lyn op 115.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (19). Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (11) en Smellingerlân (9). Alle oare gemeenten ha minder as tsien besmettingen registrearre.
Fjouwer gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om Noardesat-Fryslân, Flylân, Skylge en Skiermûntseach.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.
Der is wol in Fries yn it sikehûs bedarre mei it coronafirus, dat giet om in ynwenner fan Eaststellingwerf.

17 pasjinten, 5 op de IC

Op dit stuit lizze der 17 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen, dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland bekend makke. Fiif fan har lizze op de intensive care en tolve op oare ôfdielingen.
It tal besette bêden yn de Fryske sikehuzen (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.951. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.674 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.