Fertochte fan sjitynsidint yn Ljouwert twa wiken langer fêst

De man dy't moandei yn Ljouwert oanholden is op fertinking fan belutsenheid by in sjitynsidint bliuwt twa wiken langer fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. De 40-jierrige Ljouwerter wurdt fertocht fan bedriging.
© ProNews
Plysjes gongen moandeitejûn yn in klopjacht achter de man oan, neidat der in melding kaam wie oer in man mei in wapen yn in snackbar oan De Centrale yn Ljouwert.
Achterôf die bliken dat de man in nepwapen by him hie. Neffens de plysje wie dy 'net fan echt te ûnderskieden'. De plysje seit dat der in 'dreigende situatie' ûntstie, doe't de man in wenwyk yn flechte. Plysjeminsken raasden dat de man it wapen falle litte moast.
Ferskate plysjeminsken ha op de man sketten. De fertochte is dêrby yn de heup rekke. Hy waard úteinlik oanholden yn de Borneostraat.