Flylanner festival Into The Great Wide Open definityf skrast

06 aug 2021 - 14:28

It festival Into The Great Wide Open op Flylân giet definityf net troch. Under de namme Let It Happen wie der foar begjin septimber in alternatyf programma makke, mar ek dat sit der fan 't jier net yn.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De organisaasje fynt it mei it each de realiteit fan de pandemy net ferantwurde om in festival te organisearjen. "Een bittere pil die iedereen, voor de tweede keer in net zoveel jaar, moet slikken", lit de organisaasje witte yn in ferklearring.

Alle minsken dy't in kaart kocht ha foar it festival kinne harren jild weromkrije. Se krije dêr takom wike fia e-mail mear ynformaasje oer.

De organisaasje sil har no rjochtsje op in nije edysje fan Into The Great Wide Open yn 2022. Wannear't it festival dan presys hâlden wurdt op Flylân, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)