Man oanholden nei tsientallen brannen yn Harns

De plysje hat in 25-jierrige man oanholden dy't fertocht wurdt fan brânstichting. Tusken jannewaris 2019 en febrewaris 2021 wiene der mear as 60 brannen yn de Fryske havenstêd.
© CAMJO Media
Neffens de plysje wie der by 22 fan dy brannen "duidelijk sprake van brandstichting". It is net dúdlik foar hoefolle fan dy brannen de man ferantwurdlik is dy't de plysje no oanholden hat.
"It moat noch útsocht wurde fan hokker brannen hy presys fertocht wurdt en wat de reden west hat", seit plysjewurdfierder Thijs Damstra.

Brân by wenningen en sikehûs

De brannen ha neffens de plysje noch altyd in protte ympakt op de ynwenners fan Harns. Se wiene benammen yn de Oosterparkwijk en yn Plan-Zuid.
Ien fan de brannen wie yn it sikehûs, en meardere auto's gongen yn flammen op. By wenningen waard ek brân sticht.

Benaud

"Minsken wienen benaud foar har spullen, foar har sûnens en foar de sûnens fan oare minsken", seit Damstra.
De plysje naam de saak heech op. Meardere kearen is der buertûndersyk dien. Der binne ek kamerabylden besjoen.
Bylden fan brannen yn Harns
It ûndersyk hat laat nei in 25-jierrige ynwenner fan Ljouwert. De plysje giet freed yn petear mei de fertochte.
It ûndersyk fan de plysje is noch net dien. Se freegje noch altyd minsken om ynformaasje te dielen oer de brannen.