Voedselbank Ljouwert smyt al it iten fuort om ûngedierte: "Dikke finansjele strop"

De voedselbank fan Ljouwert moat al it iten fuortsmite, omdat der mûzen en rotten yn sitte. De voedselbank docht de doarren no ticht.
"We kinne ús produkten net mear feilich oan ús klanten jaan", seit Geale de Haan fan de Voedselbank:
It is noch net dúdlik om hoefolle iten oft it presys giet, seit Geale de Haan fan de voedselbank, mar it kin samar om 100.000 euro gean. "Wy jouwe alle moannen sa'n 27.000 euro oan iten út, en we ha faak foar trije of fjouwer moannen oan foarried. Dus rekkenje mar út."

1200 minsken

Der binne neffens De Haan sa'n 1200 minsken dy't ôfhinklik binne fan de voedselbank. Se krije twa kear yn de wike in itenspakket, seit De Haan.
De minsken dy't no gjin iten krije kinne, krije yn it plak dêrfan no itensbonnen. Dêrmei kinne se by supermerken yn de stêd sels iten helje.
"Dit is in dikke finansjele strop", seit De Haan. "It iten wie allegearre donearre, mar de bonnen moatte we sels betelje." De voedselbank is mei de gemeente Ljouwert yn petear oer de skea.

'In grutte útbraak'

It is noch net dúdlik hoe't de mûzen en rotten yn it iten bedarre binne. It wie al langer dúdlik dat der ûngedierte wie, mar neffens De Haan wie de situaasje 'te behearskjen', oant dizze wike. Doe kaam der 'in grutte útbraak', seit er, en no kin de feilichheid fan it iten net langer garandearre wurde.
De voedselbank fan Ljouwert bliuwt yn alle gefallen in moanne ticht.
"It is in ravaazje yn ús opslachromte", seit Geale de Haan