Mearderheid Friezen folslein faksinearre

In mearderheid fan de Friezen is folslein faksinearre. Dat meldt de GGD.
© GGD
"Minsken dy't net folslein faksinearre binne, rinne in grutter risiko," seit direkteur Margreet de Graaf fan de GGD. "75 persint fan de minsken dy't yn it sikehûs bedarret, is net folslein faksinearre."
De GGD hat mear as 290.000 Friezen folslein faksinearre. Húsdokters en dokters yn ferpleechhuzen ha ek minsken faksinearre. Yn totaal binne dat 140.000 prikken. Dêrmei soene nochris 70.000 minsken folslein faksinearre wêze kinne.
Der komme yn Fryslân 570.000 minsken yn oanmerking foar in prik.
De Graaf sjocht hieltyd mear polarisaasje, tusken minsken dy't wol en net faksinearre binne. "Minsken wurde emosjoneel oer de kar fan in oar. Mar it binne der mar in pear, dy't út prinsipe in faksinaasje wegerje."
De GGD set maatwurk yn, om noch safolle mooglik minsken oan in faksin te helpen. Sa wurdt der kontakt socht mei bedriuwen en útstjoerburo's, om arbeidsmigranten te berikken.

Hûnderten Friezen nimme firus mei út bûtenlân

Alle wiken binne der sa'n 100 Friezen dy't mei in coronabesmetting weromkomme út it bûtenlân. Dat meldt de GGD.
De ôfrûne wike ha 103 Friezen mei it coronafirus by de GGD oanjûn dat se de besmetting mooglik yn it bûtenlân oprûn ha. De helte fan dy minsken hie gjin klachten.
De grutste groep kaam út Frankryk of Grikelân. Oan it begjin fan de simmer waard it firus benammen mei werom naam troch jongelju dy't yn Spanje of Portugal west wiene.

Faksinaasje foarkomt nije coronagolf

Minsken dy't it firus fan fakânsje meinamen, soargen foarich jier foar in twadde coronagolf. Dat meldt de GGD. Sa'n nije golf wurdt no net ferwachte, omdat in mearderheid fan de Friezen folslein faksinearre is.
Ut sifers fan it RIVM blykt dat mear as 75 persint fan de Friezen de earste prik hân hat.
Minsken dy't al fakinsearre binne, kinne it firus wol meinimme. De GGD advisearret fakânsjegongers om in selstest te dwaan, as se werom yn Fryslân binne.
Sjoch foar mear nijs oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.