"It is de moaiste wedstriid dy't ik yn myn libben ea syld ha"

06 aug 2021 - 11:00

Yn 75 jier hat de ûntknoping fan de SKS nea sa spannend west as yn 2018. Op de lêste wedstriiddei brûze de Snitser Mar fan spanning. Seis skûtsjes koene noch kampioen wurde.

Foto: Omrop Fryslân

Sa klonk de finale fan de SKS yn 2018 live op de radio

De úteinlike striid tusken klassemintsoanfierder It Hearrenfean, mei skipper Sytze Brouwer, en ferdigenjend kampioen Grou wie in taktysk masterspul fan skipper Douwe Visser fan Grou.

Yn de wike dy't gewoanwei de finalewike west hie fan de SKS, sjocht Omrop Fryslân werom op de rike skiednis fan it skûtsjesilen. Alle dagen hellen we in ferhaal út ús argyf nei boppen.

Sytze Brouwer seach op it wetter fan de Snitser Mar dat Grou in bettere start hie: "Nei de start is der faak al tekening yn de wedstriid. Sy kamen as earste by de boppeste tonne. Mar it wie útdaagjend waar, der wie genôch mooglik foar ús."

Rivaal Douwe Visser hie ek troch dat syn start goed wie. "It Hearrenfean wie sânde. Dus dat seach der moai út. Mar ik seach dy jonge hûnen hieltyd in skipke tichterby kommen. Doe tocht ik: bliksem, der moat wol in skipke tusken bliuwe."

Mei noch ien krúsrak te gean, gie It Hearrenfean troch in skiftsjende wyn it skûtsje fan Drachten foarby. Op dat momint sylde Sytze Brouwer firtueel op kampioenskoers. En dus moast der wat barre oan board by Grou. "Plan B moast út de kast. We moasten It Hearrenfean opsykje en sa fier fuortbringe dat Drachten der wer tusken komme koe."

Sekonden

Wat folge wie in ôfgryslik spannende ûntknoping. Grou finishte in pear sekonden foar Drachten, dat op syn beurt krekt wer in pear sekonden foar Hearrenfean oer de finish kaam. "Je kinne it yn it foar hast net betinke," laket Visser. "Mar wannear't it dan slagget, dat is pikefel."

Hoewol't Brouwer de ferliezer wie, sjocht hy grutsk werom op de prestaasje yn 2018. "Ferlieze is net folle oan, dêr dogge je it net foar. Mar ik bin sa grutsk op hoe't de bemanning dizze wedstriid syld hat. It is de moaiste wedstriid dy't ik ea meimakke haw."

Trefwurden: 
finale skûtsjesilen SKS
(Advertinsje)
(Advertinsje)