Himpkwekerij oantroffen yn appartemint op It Hearrenfean

De plysje hat tongersdeitejûn in himpkwekerij ûntdutsen yn in appartemint oan de Munt op It Hearrenfean. Der waard in ynfal yn de flat dien, nei't der ferskate meldingen by de plysje binnenkamen oer in sterke himplucht út de wenning wei.
© Noordernieuws
By de ynfal trof de plysje in kwekerij oan mei sa'n 500 planten ferdield oer meardere romten. In spesjalistysk team hat de planten fuortendaliks ferneatige.
Der is noch gjin fertochte oanhâlden. Minsken dy't ynformaasje ha oer de kwekerij kinne kontakt opnimme mei de plysje.