Liveblog | 6 augustus 2021

Simmerblog: Simmer yn Harns

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden.
Lêst bywurke: 13 augustus 2021, 10:53
freed 6 augustus 2021
17:45

Ein fan dit simmerblog

We binne oan de ein kaam fan dit simmerblog oer Harns. Moandei binne we der wer. Dan yn Heech. Oant dan!
Wa't witte wol wêr't we de kommende tiid noch mear binne, kin dat hjir besjen. En foar wa't wat mist hat, of nochris neilêze wol: alle simmerblogs binne hjir te finen.
17:25

Simmer yn Harns

Noch de hiele jûn is it programma Simmer yn Fryslân op telefyzje te sjen. Alle oeren om kertier oer de hiele oere.
17:25

Yn de brouwerij

Arjen einiget de dei yn in lytse bierbrouwerij yn de haven. "Minsken drinke wat, minsken ite wat, minsken sitte langút op in bank. It is in hotspot foar toeristen en Harnzers."
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De broumaster hat in lange dei hân. "Ik bin fannemoarn om twa oere begûn, want it bokbier moast noch broud wurde. Wy wurkje hjir altyd minimaal in moanne foarút."
Arjen by de brouwer
16:23

Arjen falt hast fan de pont

In normale pont fart altyd fan A nei B, mar de pont yn de haven fan Harns docht in rûntsje. "Dat verraste ons ook, maar mensen willen graag langs de schepen varen", seit Henk Jukkema.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
As de pont de bocht om giet, falt Arjen hast oerboard. It waait hurd. "Wij varen tot windkracht zeven", seit Jukkema. "Daarboven zou het ook nog wel kunnen, maar dan is het niet leuk meer."
Der binne 50 skippers, en dy wurde troch de oare skipper oplaat. "Varen met deze pont is anders dan met een gewoon schip, want hij heeft twee draaibare motoren. Dat moet je echt even leren."
Arjen falt hast fan de pont
15:41

Organisaasje Tall Ships Races hat trije coronasenario's

De organisaasje fan de Tall Ships Races hâldt der rekken mei dat it evenemint fanwege it coronafirus net trochgean kin. De Tall Ships Races binne yn de simmer fan 2022.
In Tallship yn de haven fan Harns © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De organisaasje giet der fanút dat alles gewoan trochgean kin, seit Lieuwe Krol fan de Tall Ships Races. Mar der binne trije senario's, foar it gefal dat it oars komt. Yn it slimste gefal giet it net troch. "We moatte derfoar soargje dat we as stichting net ûnderút geane, as we nije beheiningen krije."
Arjen praat oer grutte skippen
15:15

Nij hichtepunt op 'âld' skip

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar is op in replika fan it skip fan Willem Barentsz: de Witte Swaen. Dêr is de mêst hjoed twa kear sa lang wurden. "Het is een hoogtepunt", seit boumaster Gerald de Weerdt.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
"Zo'n mast bestaat uit 2 delen. Ze zijn zo lang, dat kon niet uit één stam. De ondermast stond al lang, en de steng wordt er met een listig systeem in gehesen. Dat hebben we vanmiddag voor het eerst gedaan."
De hiele operaasje fûn plak yn de fleanende rein. "Daar kunnen we wel tegen. Als we straks op zee zitten, krijgen we ook nog heel wat te verduren. Het is een mooie oefening voor ons."
Arjen op de Witte Swaen