De toan fan Joana Duarte: "Taalemansipaasje"

06 aug 2021 - 10:16

"Goed nijs foar meartaligens yn Nederlân! It CBS die ûndersyk nei meartaligens by fyftjinplussers en makke de útkomsten bekend yn july. Ut it ûndersyk docht bliken dat in kwart fan de fyftjinplussers yn Nederlân thús Frysk, in streektaal of dialekt, of in oare taal praat.

7.500 minsken namen diel oan it ûndersyk. Mear as tsien persint fan de dielnimmers praat thús ien fan de trije troch de Nederlânske oerheid erkende regionale talen: Frysk (twa persint), Nedersaksysk (fiif persint) of Limboarchsk (goed trije persint). Oare talen, lykas Turksk, Ingelsk of Marokkaansk/Berbersk, wurde troch mear as acht persint fan de dielnimmers praat.

Der binne grutte ferskillen tusken provinsjes as it giet om de talen dy't troch dielnimmers thús it meast praat wurde. Utrecht is koprinner mei it Nederlânsk as thústaal. Yn Limboarch wurdt thús it minst faak Nederlânsk praat: 48 persint fan de Limboargers praat Limboarchsk thús. Fjirtich persint fan de Friezen praat thús Frysk.

Nedersaksysk wurdt thús troch 31 persint fan de Drinten, 26 persint fan de Grinzers, en troch 24 persint fan de dielnimmers út Oerisel thús praat. Yn Seelân en Noard-Brabân wurdt thús relatyf faak yn dialekt praat. Yn Flevolân en Noard- en Súd-Hollân praat mear as tsien persint fan de dielnimmers thús in oare taal. Lykas Ingelsk, Turksk, of Poalsk.

De ynteraksje tusken minsken wurdt faak regulearre troch in soarte fan machtshierargy, op yndividueel en op kollektyf nivo. Troch emansipatoarysk belied kinne jo sa'n hierargyske machtsstruktuer trochbrekke, sadat der in nije, demokratyske (of yn alle gefallen demokratysker) struktuer ûntstiet.

Neffens sosjolooch Anthony Giddens is sok emansipatoarysk belied rjochte op it tsjingean fan it oerhearskjen fan guon groepen yndividuen troch oaren, sadat rjochtfeardigens, gelikens en meidwaan foar eltsenien mooglik wurdt. Yn it gefal fan taal hat dizze emansipaasje te krijen mei it opnij wurdearjen fan talen dy't stigmatisearre wurde. Hoe krijt soks foarm yn de Fryske situaasje?

Yn it ûndersyk fan it lektoraat meartaligens en skriftlike taalfeardigens sjogge wy dat learkrêften faak oanjouwe dat der foar Fryske bern ymplisyt in relaasje bestiet tusken it brûken fan it Frysk en leech oplaat of boersk wêze. Yn 11 fraachpetearen mei learkrêften op skoallen yn Fryske stêden is faak te hearren dat learlingen dy't thús Frysk prate net wolle dat har klasgenoaten dat witte. Learkrêften jouwe boppedat oan dat guon learlingen gjin Frysk leare wolle.

Ut de resultaten fan in enkête, ynfolle troch learlingen yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, docht bliken dat 36 persint fan de Frysktalige dielnimmers him der foar skammet Frysk te praten. Sokke sifers jouwe oan dat der op it mêd fan de emansipaasje fan it Frysk noch wurk te dwaan is.

It CBS brocht net allinne sifers yn kaart, mar seach ek nei aspekten dy't foar de emansipaasje fan regionale talen krúsjaal binne, lykas de relaasje tusken taalgebrûk en oplieding fan sprekkers. Oer it generaal docht út it ûndersyk bliken dat it brûken fan in regionale taal as fiertaal thús ôfnimt as de oplieding fan de sprekkers tanimt. Der is lykwols in ferskil tusken Frysk, Limboarchsk en Nedersaksysk, as it giet om de relaasje tusken taalgebrûk en opliedingsnivo.

Wylst it Nedersaksysk minder brûkt wurdt as it opliedingsnivo heger is, is dat ferskil by Frysk en Limboarchsk folle minder oanwêzich: dizze talen wurde troch minsken fan alle opliedingsnivo's likefolle brûkt. Dat it Frysk benammen in taal wêze soe fan leech oplate minsken en boeren kloppet dus net.

Wichtich foar de emansipaasje fan in taal is ek de kontekst wêryn't de taal brûkt wurdt. Ek by dit aspekt wykt it Nedersaksysk ôf fan it Frysk en Limboarchsk, want wa't dy lêste twa talen praat, docht dat faak ek op oare plakken. In mearderheid jout oan it Frysk of Limboarchsk te praten op it wurk, op skoalle, by offisjele ynstânsjes, yn 'e winkel en yn 'e hoareka, en mei freonen en buorlju. It Nedersaksysk wurdt bûtendoar folle minder praat.

Wy befrije ússels sa stadichoan fan âlde ideeën oer Fryskpraters en fan machtsstruktueren basearre op nasjonalistyske en ientalige ideologyen. Wy libje yn 2021 en ús mienskip wurdt kenmerke troch in ferskaat. In ferskaat oan talen en kultueren. Mei it Frysk en mei oare talen markearje wy ús identiteit en meartaligens hat mearwearde op alle nivo's. Mar hoe befrije wy ús bern fan har skamte foar har memmetaal en fan bylden oer it Frysk, basearre op ideeën út, op syn lêst, de jierren fyftich?"

Trefwurden: 
De Toan fan Joana Duarte
(Advertinsje)
(Advertinsje)