Erwin Mulder wurdt nije oanfierder by SC Hearrenfean

06 aug 2021 - 09:50

Erwin Mulder wurdt de nije oanfierder by Sportklup Hearrenfean. De posysje wie frijkaam neidat Henk Veerman oanjûn hie dat hy net mear oanfierder wêze wol.

Erwin Mulder - Foto: Orange Pictures

Dêrmei is ek dúdlik dat Erwin Mulder as earste keeper oan it seizoen begjint. Hearrenfean luts dizze simmer Xavier Mous oan. Hy kaam oer fan PEC Zwolle en joech oan dat hy earste keeper wurde woe. Dy striid is foar no wûn troch Mulder. Tibor Halilovic is de twadde oanfierder.

Veerman joech ein ferline seizoen oan dat hy gjin oanfierder mear wêze wol, om't er it net mear sitten sjocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)