De gouden skuon fan Cornelis Terpstra fleane de Olympyske Spelen oer

06 aug 2021 - 12:06

Baanhurdfytser Harrie Lavreysen hat freed yn Tokio syn twadde gouden medalje pakt. Hy wie Jeffrey Hoogland yn de finale fan de sprint te rap ôf. Earder dizze wike wie er mei syn maten Hoogland en Roy van den Berg al te rap foar de Ingelsen. De beide gouden medaljes ha in Frysk rântsje. De skuon fan Lavreysen binne yn Fryslân makke, troch âld-keatser Cornelis Terpstra.

Harrie Lavreysen - Foto: Orange Pictures

Terpstra hat de wedstriid tsjin de Ingelsen mei belangstelling folge: "Ik kin hjir wol grutsk op wêze. Ik haw der de hiele tiid foar sitten."

It aventoer fan de gouden skuon wie doe noch net oer, want Lavreysen kaam freed wer yn aksje. Yn de sprintfinale moast er it opnimmen tsjin Jeffrey Hoogland. Yn de earste heat pakte Hoogland de winst, de twadde en beslissende tredde heat wiene foar Lavreysen. Dêrmei pakte er syn twadde goud op dizze Olympyske Spelen.

Milimeterwurk

Terpstra makket fytsskuon op maat. Der binne sokke spesifike easken dat de sporters net terjochte kinne yn gewoane winkels. Faak is der noch in lytse korreksje nedich om de krêft fan de hurdfytser sa effektyf mooglik oer te bringen op de fyts, leit er út.

Cornelis Terpstra

De spesjale fytsskuon hawwe wol wat wei fan Spaanske slofkes. Se binne net te sjen op de bylden fan de Olympyske Spelen. Der sitte aerodynamyske hoeskes oerhinne. "Dêrtroch kinne jo myn skuon net sjen en dat is spitich", seit Terpstra.

It summum

De skuon wiene wol yn byld yn it NPO-programma De Beloften. Dêryn wie Lavreysen by Terpstra yn Bitgummole om te passen. Terpstra: "De Olympyske Spelen binne it summum op sportyf mêd. En dan komme dy jonges samar by dy thús."

Lavreysen is net de iennige. Der binne mear topsporters dy't skuon fan Cornelis oan hawwe: "Ik mei foar sporters oer de hiele wrald skuon meitsje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)