In kwart miljoen mear fakânsjes yn Fryslân

06 aug 2021 - 07:00

Yn de simmer fan 2020 waarden der 243.000 fakânsjes mear yn ús provinsje boekt as it jier derfoar. Dat docht bliken út nije sifers van it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Fakânsjegongers by Earnewâld - Foto: Shutterstock.com (TasfotoNL)

It CBS socht út hoe't ús 'fakânsjegedrach' yn de earste coronasimmer feroare wat it jier derfoar oanbelange. Nederlanners giene fansels folle minder nei it bûtenlân as yn eardere jierren.

It oantal fakânsjes oer de grins gie hast troch de helte. Yn 2019 waarden der noch 22,9 miljoen boekingen dien, yn 2020 wiene it der 11,7 miljoen.

Fryslân profitearre fan alle Nederlânske provinsjes it meast fan it weromrinnen. Mei hast in fjirdepart miljoen mear fakânsjes yn ús provinsje stiet Fryslân boppe-oan de list.

Ek yn Limboarch (175.000) en Seelân (185.000) naam it oantal fakânsjes flink ta.

Langer seizoen

Roger Davids fan Merk Fryslân hie oan it begjin fan 2020 net tocht dat de sifers sa posityf útpakke soene foar ús provinsje. "Ik denk dat het een heel bijzonder jaar is geweest, waarin heel veel Nederlanders toch in eigen land op pad zijn gegaan. En dat heeft natuurlijk voor heel het toerisme in heel Nederland uiteindelijk in de zomer en in het najaar voor een veel langer seizoen gezorgd."

Wurdearring

Davids tinkt dat de wurdearring fan de minsken foar it fakânsje fieren yn eigen lân ek positive gefolgen ha sil foar de takomst. "We hebben natuurlijk laten zien dat we de ruimte hebben in Fryslân. Daarnaast zijn mensen ook veel op het water geweest en dat is zo enorm goed bevallen, dat ik wel verwacht dat er een groep veel bewuster voor Nederland kiest en ook voor onze provincie."

Roger Davids fan Merk Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)