"Oerheid hat gjin ynteresse yn de touringcarsektor"

De Ryksoerheid moat each hawwe foar de problemen yn de touringcarsektor. Sûnt de coronakrisis sit de brânsj yn swier waar, sa skriuwt foarsitter Theo Vegter fan koepel Busvervoer Nederland yn in brânbrief oan it kabinet. Troch alle maatregels leit in grut part fan it busferfier stil.
Sjoch nei de reportaazje
It stilstean kostet jild en dus ek banen. De sektor ropt dan ek op om net samar op te hâlden mei de finansjele stipe.
"Wy binne net de loftfeartsektor, fleane gjin Boeing 737's", seit Klaas Veenstra fan Veenstra Reizen yn Bûtenpost. "Der is gjin ynteresse foar de sektor, wylst dy al hurd troffen wurdt."

Fjirdepart fan de banen fuort

Sûnt it útbrekken fan de coronakrisis is in fjirdepart fan de banen ferlern gien. Veenstra: "We sjogge dat graach gau oars, mar as de oerheid echt ophâldt mei de stipepakketten falle der noch mear bedriuwen om. Je moatte it yn de simmer fertsjinje foar de winter, mar it seizoen no is koart."
It regear is fan doel yn it fjirde fearnsjier op te hâlden mei de finansjele stipe, om't de ekonomy no wer goed draait. Dat soe foar in soad bedriuwen problemen opsmite kinne. De maitiid en de simmer foarmje gewoanwei de tiid om jild te fertsjinjen foar de winter, mar troch alle beheiningen is it dreech foar bedriuwen om omset te draaien.

Draaiende hâlde

Veenstra Reizen sels tinkt dat sy it noch wol eefkes folhâlde. Dat hat benammen te krijen mei fêste opdrachten. "Wy kinne ús fêste sjauffeurs ride litte en it draaiende hâlde. Mar we kinne dreech in planning meitsje foar de langere termyn."
Touringcarbedriuw Veenstra Reizen yn Bûtenpost © Omrop Fryslân
Benammen de grutte ûnwissens is in probleem. Foar de bedriuwen is it dreech om in goede planning te meitsjen. As der beheiningen oplein wurde oan teäters, dan hat dat ek fuortendaliks konsekwinsjes foar de ferfiersbedriuwen dy't deitripkes oanbiede.

Frustraasje

Theo Vegter fan Busvervoer Nederland fynt it dreech út te lizzen dat de oerheid wol miljarden stekt yn de loftfeart, mar dat der gjin jild is foar it feilich reizgjen mei de bus. Vegter freget de oerheid om oardel ton te stekken yn in kampanje. Busferfier is ek in foarm fan ferfier dy't, sa seit Vegter, ek folle duorsemer is as fleanen.
Der is ek frustraasje oer de mûlkapkesplicht. Ek by reizen mei in groep wêrby't in faksinaasje- of testbewiis ferplicht is, jildt dat je in mûkapke op hawwe moatte.
It is net de earste kear dat de sektor om omtinken freget. Ferline jier binne se mei hûnderten bussen nei it Malieveld yn Den Haag riden om omtinken te freegjen foar har situaasje.