Oantal besmettingen de wike giet opnij omleech yn Fryslân

06 aug 2021 - 06:00

It oantal coronabesmettingen yn de ôfrûne wike is mei hast 250 ôfnaam yn ferliking mei in wike earder. Wol binne der twa Harnzers ferstoarn oan it firus. Ljouwert hat mei 98 registraasjes de measte besmettingen, omrekkene nei it tal ynwenners stekt Flylân boppe alle oare Fryske gemeenten út.

Foto: Shutterstock.com (InkheartX)

Yn trochsneed gie it om 84 besmettingen deis yn de ôfrûne wike yn Fryslân, in wike earder wie dat noch 120.

De gemeente Ljouwert hie mei 98 registraasjes de measte besmettingen, dêrnei folgen Súdwest-Fryslân mei 81 en Hearrenfean mei 67 besmettingen.

Allinne de gemeente Skiermûntseach bleau dizze wike frij fan besmettingen.

Flylân omrekkene measte besmettingen

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn de gemeente Flylân it heechst. Dêr binne omrekkene 260 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld. Ferline wike wie dat ek al sa, allinne lei it doe op 433.

Op nûmer twa stiet Skylge mei 184 besmettingen op 100.000 ynwenners. Dêr moat by sein wurde dat it tal ynwenners fan de eilângemeenten dy't hjirfoar neamd binne mar hiel beheind is.

Nei dizze gemeenten folget Hearrenfean mei 133 besmettingen op 100.000 ynwenners.

2 stjergefallen, 6 sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike binne der twa Friezen ferstoarn oan it coronafirus, beiden wiene ynwenners fan gemeente Harns.

Der binne seis Friezen yn it sikehûs opnaam: ynwenners fan Waadhoeke, Ljouwert, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân en Hearrenfean (dy lêste gemeente twa persoanen).

Yn totaal hast 47.900 Friezen corona hân

Mei de 589 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 48.488 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân stiet op 483. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)