Steuring oan spoarbrêge Ljouwert soarge foar fertraging by treinen Arriva

05 aug 2021 - 21:46

Der hat tongersdeitejûn op 'e nij in steuring west oan de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert. It treinferkear hat goed in oere lang stillein.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De brêge oer it Van Harinxmakanaal is in draaibrêge. Op 22 july wie der in probleem mei it beskoattelsysteem. Wat der no krekt oan de hân wie is net bekend. Ferfiersbedriuw Arriva hat bussen ynset om de reizgers op tiid te plak te krijen.

Earder spruts Arriva-direkteur Anne Hettinga al syn argewaasje út oer de steuringen fan de lêste tiid. It is dan dreech foar reizigers om op tiid te kommen foar de fearboat nei de Waadeilannen.

Trefwurden: 
spoarbrêge Arriva stikken
(Advertinsje)
(Advertinsje)