Slûzen Marsum en Nij Beets reparearre: fernielingen by Marsum

Yn Marsum wie de slûs by it doarp slachtoffer fan fernielingen. Der is besocht om beide slûsdoarren tagelyk iepen te setten, mooglik om it wetter rap omheech te krijen. Dat plan slagge net, mar de automatyske betsjinning wie wol ûntregele. De plysje siket tsjûgen fan de fernielingen.
Marsum © Google Street View
Gemeente Waadhoeke hat de slûs wer yn wurking set en hat der ek nije, swierdere slotten op pleatst. De plysje tinkt nei oer it pleatsen fan in kamera op it plak.
Yn Nij Beets hawwe ek wurksumheden oan in slûs west. It skomeganisme fan de Doeke Rollemaslûs wie ôfbrutsen. Wetterskip Fryslân moast in pear dûkers ynsette om de skúf wer út it wetter njonken it Polderhoofdkanaal te tillen.