Michel Vlap foar in jier ferhierd oan FC Twente

05 aug 2021 - 18:47

Fuotballer Michel Vlap giet nei FC Twente. De 24-jierrige Snitser wurdt foar in jier ferhierd troch de Belgyske klup Anderlecht.

Michel Vlap - Foto: Orange Pictures

Vlap ferhuze twa jier lyn fan SC Hearrenfean nei Anderlecht. Yn it earste seizoen spile hy noch wol faak en waard hy mei tsien goals kluptopskoarder, mar trainer Vincent Kompany seach it dêrnei net mear yn him sitten. Vlap waard foar in healjier ferhierd oan Arminia Bielefeld yn Dútslân.

Yn de tarieding foar dit seizoen krige Vlap op 'e nij net folle minuten.

Weromsjen fan Pierie en Jans

By FC Twente treft Vlap syn âld-ploechgenoat en Ljouwerter Kik Pierie. By Twente is Ron Jans trainer. Fan 2010 oant 2012 wie Jans trainer by SC Hearrenfean, dêr't hy doe as jonkje al by de jongerein spile.

Vlap hat by Anderlecht noch in kontrakt foar trije jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)