2,3 miljoen foar ferbining wurk, oplieding en oerheid yn Noardeast-Fryslân

05 aug 2021 - 17:33

Seis projekten yn de regio Noardeast-Fryslân hawwe yn totaal 2,3 miljoen euro subsydzje krigen út de saneamde Versnellingsaginda wei. Dizze sudsydzjeregeling moat ûndernimmers, kennisynstellingen en oerheden kânsen biede troch gear te wurkjen oan it fersterkjen fan de regio.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

It giet om projekten fan fjouwer organisaasjes: Leerwerkloket Noordoost-Fryslân, Bokashi Groenstations, Combex en it Innovatiehuis Toerisme.

Fan boaiem ta wurktraining

It Leerwerkloket set him yn foar oplieding en wurk, troch ûnder oare te helpen by training, staazje en it sykjen nei wurk. It Innovatiehuis Toerism wol derfoar soargje dat studinten en ûndernimmers yn de rekreaasje en it toerisme inoar moetsje.

'Bokashi' is in dongstof dy't goed is foar de boaiem en dy't makke wurdt fan ôffal- en dongstoffen. Combex sil him dwaande hâlde mei it ferfier fan yndustriële bou-eleminten, lykas gevels. As der minder reizge hoe't te wurden foar de bou, kin der duorsumer wurke wurde.

Steven de Boer oer de regeling

Steven de Boer fan it subsydzjeburo leit út dat it jild echt bedoeld is om de regio te fersterkjen. "Dan giet it om de bou, metaal, lânbou, toerisme en rekreaasje. Wy hawwe foar de beoardieling fan de projekten in ûnôfhinklike kommisje mei minsken út de regio, it bedriuwslibben en oerheden. Sy kinne de regio mei alle kânsen en bedrigingen."

2024

It jild komt foar in grut part by it Ryk wei, mar ek by de provinsje en de gemeenten. "Wy binne ferline jier begûn mei de aginda, ein 2024 moatte de resultaten fan de ôfrûne jierren dúdlik wurde. Der is noch genôch budzjet, dus minsken kinne har ek melde foar de regeling. It Fries Sosjaal Planburo hawwe wy ree fûn om tafersjoch te hâlden en om te sjen wat it opsmiten hat."

(Advertinsje)
(Advertinsje)