Hast alle klikstirnspiken op Gryn binne opfretten

05 aug 2021 - 17:13

Sa goed as alle piken fan de 600 spantsjes klikstirnzen op it Waadeilantsje Gryn binne fan it maitiid opfretten troch sulvermiuwen, sa lit Natuurmonumenten witte. It is net it earste jier dat dit mis giet: de koloanje wurdt hieltyd lytser.

Sawat alle piken binne wei:

De klikstirns hjit grote stern yn it Hollânsk en briedt al hiel lang op it eilân. Mar dat dogge sy net allinnich. Der sitte gewoanwei ek kobben (kokmeeuwen) dy't geregeld it fretten dat bedoeld is foar de stirnzepiken, ynpikke.

Foto: Rechtenvrij

Mar dêr krije dy stirnzen wol wat foar werom: beskerming. De klikstirnzen sels rêde it net op om harren nêsten te beskermjen tsjin benammen de sulvermiuw. De kobben fan de kobbekoloanje kinne dat wol. Doe't dy nêsten by heech fuortspielden, wie dy beskerming der net mear en gie it mis.

Leppelbekken

Mar net alles is mislearre op Gryn. De mear as 60 spantsjes leppelbekken hawwe yn trochsneed allegearre twa piken grut krigen. Fierder is der in slagge ynventarisaasje dien nei it plante- en ynsektelibben op it eilân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)