Iris Kroes yn de elektroanyske muzyk: fan harp nei hardstyle?

05 aug 2021 - 17:34

Wa't oan sjongster Iris Kroes tinkt, sjocht grif bylden as in harp, in sêfte stim en in klassyk strikersensemble foar him. Mar sy ferbredet har hoarizon, sa skriuwt sy op har Facebookside. Iris Kroes makke in fjoerdoop yn de hardstyle, sy is te hearren yn de track Echo fan hardstyle-dj Keltek.

Iris Kroes - Foto: ANP

Wa't tinkt dat de harp fan Iris Kroes no te keap stiet, hat is mis. "Nee, myn harp komt net op Marktplaats. Dit is eins by fersin sa gien," leit sy út.

Ferkocht oan in dj

Kroes sit in soad yn de studio om muzyk te skriuwen. "Ik wurkje mei minsken dy't ek wol mei dj's wurkje en dy seine op in gegeven stuit oer in ferske: dit is eins sa goed, dit moat in topline wurde foar in dj. Ik sit ek net yn dy wrâld, mar wy hawwe in soarte miny-ferske makke mei in piano, tekst en melodyline."

Iris Kroes oer har hardstyle-aventoer

It wie Iris wol bêst. "Mar faak giet it sa en wurdt it úteinlik nea ferkocht. Oant in pear moannen lyn, doe hearde ik ynienen dat it ferkocht wie oan in dj. Hy woe myn stim wol brûke en syn eigen mix der oerhinne meitsje, ik soe it ynkoarten wol hearre."

Nea myn bedoeling west

Tongersdei kaam it ferske út. "It stie ynienen online. It hat eins nea myn bedoeling west, mar it is ûntstien mei in skriuwsesje. Ik wie op fakânsje yn Limburch en hie it yn de auto oanset. Ik fûn it wol wat hawwen: it klonk wol ymposant."

Foar in soad minsken beukt it der lekker yn. Iris docht ynienen hiel wat oars, tinke sy.

Sjongster Iris Kroes

Iris Kroes tinkt der net oer nei om yn de hardstyle-wrâld op te treden. "Dat is net echt myn bedoeling, hear. Mar ik fyn it wol leuk. Myn buorfamke sei bygelyks: o ja! Keltek, dêr sport ik altyd op. Ik bin der net sa bekend mei, mar foar in soad minsken beukt it der lekker yn. Iris docht ynienen hiel wat oars, tinke sy."

(Advertinsje)
(Advertinsje)