RIVM: 76 nije besmettingen yn Fryslân

05 aug 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 76 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 19 minder as woansdei. Doe gie it om 95 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 84 besmettingen meld yn Fryslân.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (13). Dêrnei komme Smellingerlân (11) en Tytsjerksteradiel (9).

Trije gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om Amelân, Eaststellingwerf en Skiermûntseach.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Der is wol in Fries yn ien fan de Fryske sikehuzen telâne kaam mei it coronafirus, it giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

16 pasjinten, 5 op de IC

Op dit stuit lizze der 16 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen, dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland bekend makke. Fiif fan har lizze op de intensive care en alve op oare ôfdielingen.

It tal besette bêden yn de Fryske sikehuzen (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 3.402. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.749 besmettingen by kaam.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)