Doarpen by Grou-Raerd klimme yn 'e pinne tsjin nije gaswinplannen

05 aug 2021 - 16:56

Ynwenners fan de doarpen by it gasfjild Grou en Raerd binne der net gerêst op dat dêr oant 2030 noch gas wûn wurdt. Yn in brief oan gaswinbedriuw Vermilion en it Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat freegje de doarpsbelangen om in nulmjitting en om duorsume inisjativen te stypjen.

Gaswinning fan Vermilion yn Raerd oan de Hegedyk - Foto: Omrop Fryslân

Vermilion hat - nettsjinsteande beswieren fan de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân en Wetterskip Fryslân - in fergunning krigen. De doarpen tinke dat sy de gaswinning net mear keare kinne, dêrom freegje sy kompensaasje fan Vermilion en in nulmjitting om eventuele skea oantoane te kinnen.

Put op 'e nij iepen

Der is earder ek al gas wûn yn it gebied, leit foarsitter Hylke Riemersma fan doarpsbelang Friens út. "Oant 2012 hawwe se út de putten om Raerd, Grou, Jirnsum, Friens, Reduzum, Eagum en Idaerd lizze gas helle. Dêrnei is de gaswinning opholden om't it net rindabel mear wie. Mar no binne sy fan doel om it lêste bytsje der út te heljen."

Sjoch nei de reportaazje

De pleatslike belangen binne der op tsjin, mar de minister hat al tastimming jûn. "Wy binne benaud dat der wat mei ús wenten, diken en sleatten barre sil. No sil der hjir miskien net fuort barre wat der yn Grinslân bart, mar wy binne der as doarpsbelangen net foar", sa seit Riemersma.

Unôfhinklik ûndersyk

Dêrom wol Riemersma op syn minst in nulmjitting. "Wy wolle der wis fan wêze dat foar't der wol úteinset wurdt, der bekend is hoe't it derhinne leit. Dêrom wolle wy in nulmjitting troch in ûnôfhinklik buro. Dan wurdt it yn it ramt fan bewiislêst ek wat makliker."

Stypje by duorsume inisjativen

Fierder hopet hy ek dat Vermilion mei de doarpen om tafel wol om te praten oer it opwekjen fan enerzjy. "Der binne allerhanne inisjativen foar skjinne en duorsume enerzjy yn dizze omjouwing. Tink oan de wynmûne yn Reduzum. Miskien soe Vermilion ús dêr wol by helpe. Der wurdt ús noch wat frege om te foldwaan oan de nije enerzjynoarmen, dus wat ús oanbelanget meie sy dêr wol by helpe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)