"Us heit hat de moaiste dea krigen dy't der is"

05 aug 2021 - 11:05

Middenyn de wedstriid ferstoar skûtsjeskipper Klaas van der Meulen. Hy krige in hertoanfal oan it helmhout. Dat wie yn 1973. Hy wie 65 jier âld.

Foto: Omrop Fryslân

Van der Meulen wie yn 1945 de earste kampioen yn de nije SKS. Yn 1947, 1951 en 1954 wie er ek de bêste. Hy stiet op it fjirde plak fan it saneamde Vleugelklassemint, efter Douwe Jzn. Visser, Lodewijk Meeter sr. en de legindaryske rekôrkampioen Ulbe Zwaga.

Yn de wike dy't gewoanwei de finalewike west hie fan de SKS, sjocht Omrop Fryslân werom op de rike skiednis fan it skûtsjesilen. Oant en mei freed komme we alle dagen mei in ferhaal út ús argyf.

Soan Teake van der Meulen wit it noch goed. It waaide hurd dy dei op Starum. "Der stie in dikke brys. Us heit sei noch, hy leit prachtich op it roer. Ik kin alles mei it skûtsje hjoed. En twa tellen letter wie er fuort."

Soan Ype wit ek noch hoe't it barde. "De fraach wie oft der wol of net syld wurde koe. Ik hie it idee dat ús heit de hoop hie dat it net trochgean koe, wylst wy in skûtsje hiene dat de omstannichheden altyd wol hawwe koe. Mar ús heit hie it oan it hert, al jierren."

"Hy glydt sa fuort"

Op Starum docht Van der Meulen op syn eigen skûtsje mei foar Wâldsein. Dat is it plak dêr't foar syld wurdt. Dochs hat de grutte W yn it seil in oare betsjutting. "De minsken tinke dat it de W fan Wâldsein of fan Wymbritseradiel is. Ik lit dat mar sa, mar it is de W fan Willemke, myn frou", sei er dêroer.

Nei syn dea komme syn trije soannen oan it helmhout, elk foar in perioade fan trettjin jier.

'Heit hie dit it leafst hân'

Op dy fatale dei yn 1973 sjocht Ype hoe't syn broer Teake efter heit oan it wetter yn springt. Hy wurdt troch in oar boatsje nei syn heit brocht, en bliuwt derby, wylst se him nei de kant ta bringe. It mei spitigernôch net mear helpe.

De lytse droktemakker Klaas van der Meulen, sa't Ype him typearret, lit it libben. Teake, dy't noch altyd emosjoneel wurdt as er deroan weromtinkt, ferjit it nea wer, seit er.

"Ast it ús heit frege hiest, dan hie er dit it leafst hân. Foar ús wie it fansels slim, mar ús heit hat de moaiste dea krigen dy't der is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)