Man ferwûne by ynsidint yn azc Drachten

By in stekpartij op it terrein fan it asylsikerssintrum yn Drachten is in bewenner fan it azc ferwûne rekke.
© SRFotografie
De man (35 jier âld) krige woansdeitejûn rúzje mei in oare bewenner fan it azc (ek 35 jier âld). Ien fan de beide mannen luts in mes en stuts de oar del.
It slachtoffer rekke lichtferwûne. Dat meldt de plysje. Nei behanneling troch meiwurkers fan de ambulânse, hoegde de man net nei it sikehûs.
De plysje hat de fertochte oanhâlden en siket út wat der krekt bard is.