Simmerblog: Simmer op De Lemmer

05 aug 2021 - 18:15

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed is Omrop Fryslân op De Lemmer! Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:00
Oant moarn

We binne oan de ein kaam fan dit simmerblog oer De Lemmer. Freed binne we der wer. Dan yn Harns. Oant dan!

Wa't witte wol wêr't we de kommende tiid noch mear binne, kin dat hjir besjen. En foar wa't wat mist hat, of nochris neilêze wol: alle simmerblogs binne hjir te finen.

17:55
Simmer op De Lemmer
17:20
"Jûns nei tsienen is it stil op De Lemmer"
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Wy slute de dei ôf yn hotel Lemmer. Oan it wetter mar in bytsje út it de drokte yn it sintrum wei. It hotel sit yn in eardere mêstmakkerij. Binnendoar binne allegearre orizjinele details út de mêstmakkerij te sjen. As earste is it in lang gebou, want der moasten foarhinne hiele beamstammen yn, fertelt hotelier Jan de Vrij. Yn de lobby hingje ek noch heakken yn it plafond dêr't eartiids ynstruminten oan fêst sieten.

Jan de Vrij - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Jan de Vrij

It soart toeristen dat no yn it hotel komt, is hiel oars as foar de coronatiid, fertelt De Vrij. Trije jier ferlyn wie it skûtsjesilen der noch en dat lûkt dochs in hiel oar type gasten. No binne it benammen Nederlânske toeristen dy't fan hotel nei hotel fytse. Se binne sportyf en gean betiid op bêd. Dat jout dochs in oare sfear. En der komme amper Dútske toeristen. As de restaurants om 22:00 oere tichtgean, is it stil op De Lemmer, beslút De Vrij.

16:50
Rêdingsbrigade De Lemmer hat meiholpen by evakuaasjes Limboarch
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Erwin Krijger oer de rêdingsbrigade

De Lemmer hat in strân en dus ek in rêdingsbrigade. Bern, en folwoeksenen ek, kinne dêr rêdend swimme leare. As de bern wat âlder binne, kinne se strânwacht wurde op de Waadeilannen of yn Seelân.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Mar de rêdingsbrigade docht mear. Sa hawwe se ek meiholpen mei evakuaasjes yn oerstreamd Limboarch. En dêr is foarsitter Erwin Krijger bêst grutsk op. Syn frijwilligers kinne binnen 24 oere klearstean om te helpen.

16:28
Underwilens op De Lemmer

Wachtsje foar de brêge.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
15:40
Roelie en Hendrik krije it earste eksimplaar
Roelie Spanjaard-Visser - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De earste eksimplaren fan it nije stripboekje wurde oanbean oan Roelie Spanjaard-Visser en Hendrik Bootsma. Sy binne beide op harren eigen wize warber mei de skiednis fan De Lemmer. Roelie hat in webside oer âld-Lemmer: www.spanvis.com. Dêrop stiet in skat oan ynformaasje oer de skiednis fan De Lemmer en ek oer de doarpen yn de eardere gemeente Lemsterlân, no opgien yn De Fryske Marren, en oer fersetsstriders.

Hoe komt Roelie oan al dy ynformaasje? Har heit is berne op De Lemmer. Hy hie mar leafst fjirtich albums mei foto's. Op syn stjerbêd frege er oan Roelie oft sy der wat mei dwaan soe. Sa is de site spanvis.com ûntstien. Der stiet safolle op dat se sels bytiden ek wolris sykje moat om in foto.

Hendrik Bootsma - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Hendrik Bootsma krige it twadde eksimplaar fan it stripboekje. Hy hâldt him benammen dwaande mei foto's. Hendrik fynt it ek skande dat de kennis fan de skiednis fan De Lemmer ferdwynt. En ek de taal. "Op Facebook stiet wolris wat yn it Lemsters", seit er. Mar it is hiel oars as eartiids: "Us heit koe net iens Nederlânsk."

15:10
Stripboek oer de skiednis fan De Lemmer yn it Lemsters
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Arjen Bosselaar praat mei de makker fan it boekje

Flakby de Blokjesbrêge kloftjes in soad minsken byinoar. Ferslachjouwer Arjen Bosselaar wol witte wat der te rêden is. It giet om de presintaasje fan in stripboekje yn it Lemsters. It boekje hjit 'Onder de Hoek' en it spilet him rûchwei ôf yn de perioade nei de Twadde Wrâldoarloch oant de jierren santich. It boekje is makke troch Stoffel Zandstra en Wim Swart.

Onder de Hoek is it plak by de brêge dêr't de Lemster manlju byinoar komme om te praten. Yn it boekje meitsje se fan alles mei en dêr jouwe se kommentaar op. Sa binne der no twa webcams op De Lemmer. Dêr is beswier tsjin makke, want de minsken wolle der net werkenber op stean.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Njonken foar de skiednis wolle de makkers mei it stripboekje ek dat der mear omtinken komt foar de taal fan De Lemmer. It Lemsters is oan it ferdwinen. It positive is dat de jeugd wolris yn it Lemsters dingen op sosjale media set. Of se appe yn it Lemsters.

13:30
Efkes in fiskje ite
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar is wat roppich en hy moat noch oant seis oere. Dan mar in bakje kibbeling.

13:15
Kariljon betsjinje mei de telefoan
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Jelle Dijkstra oer it kariljon yn de Lemster toer

Jelle Dijkstra is behearder fan it fernijde kariljon yn de byldbepalende Lemster toer út 1716. Hy kin it kariljon mei in app op syn telefoan spylje litte. Dêrfoar hoecht er net yn de toer te wêzen. Sterker noch: it kin thús ek. Tegearre mei ferslachjouwer Arjen Bosselaar stiet Jelle ûnderoan de toer. Hy drukt op in toets op syn telefoan en it kariljon slacht fuortendaliks ien kear oan.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

In kariljonbehearder is wat oars as in beierdier, want dy spilet sels yn de toer op it klokkespul, seit Jelle. Fan âldsher wie in kariljon bedoeld om oan te jaan dat de klok daliks op de hiele oere slaan soe. Letter hat it mear in muzikale funksje krige. It kariljon yn de Lemster toer wurdt no oanstjoerd troch in kompjûter. En dy kompjûter moat ek alwer ferfongen wurde troch in nijenien.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

In moaie gelegenheid om it repertoire ek te fernijen. Wiene it oant no ta inkeld Fryske klassikers lykas 'It Heitelân', no komme der ek moderne klassikers by. Dijkstra tinkt dan oan 'Let it be' fan The Beatles.

Safier is it noch net. De nije lieten sille net earder as nei de boufak oer De Lemmer klinke en daverje. Oant dy tiid start Dijkstra noch mar ris in Fryske klassiker yn. Hy toetst wat op de app fan syn telefoan om en it kariljon begjint 'Skûtsjesilen is myn nocht' te spyljen.

12:40
Lemster skûtsje dit jier wer net yn aksje
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar by it Lemster skûtsje

It hie dizze wike skûtsjesilen west, ek op De Lemmer. Fanwege corona giet it foar de twadde kear achterinoar net troch. It Lemster skûtsje leit der 'wat tryst' by, sa't ien fan de oanwêzige bestjoersleden it omskriuwt. It skip leit foar de wâl by in wenwyk. De swurden en it helmhout binne ynpakt. "Wy wiene der hielendal klear foar", seit foarsitter Huite Zonderland, "in nije mêst, in nij roer en nij túch. De swurden sieten skuorren yn en dy binne no ek hielendal restaurearre."

Yn de tiid dat se net sile kinne is it ûnder- en it boppeskip oanpakt. Dat kostet jild, mar dochs stiet it skûtsje noch altyd yn de plus. Dat komt troch de donateurs en de sponsoaren. It measte jild kostet it algemien ûnderhâld en it wedstriidfarren. Dat lêste is der no net, dus de kosten ek net.

10:45
Kees hat in tún fol beltsjeblommen
Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Kees van Ginkel (64) is in echte blommeman. Hy hat yn syn tún wol seishûndert planten te stean. De measte binne beltsjeblommen. Dêr hat er 170 soarten fan, fertelt er oan Omrop Fryslân-ferslachjouwer Arjen Bosselaar. "Ik haw mar in lyts túntsje. Ik kin net mear hawwe."

Kees van Ginkel - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De beltsjeblomman Kees van Ginkel

Ien op de tsien planten oerlibbet de winter net, mar dan ruilet Kees mei oare leafhawwers en dan is it ek wer klear. Ein novimber is it túnseizoen dien en dan begjint it wer yn april. Hat er der net in soad wurk fan as al de potten wer te plak moatte? "Nee hear, samar klear", seit Kees.

Takom wykein (7 en 8 augustus) hat Kees iepen tún. Wa't by him sjen wol, is fan herte wolkom. Hy kin net wachtsje: "Kom mar del. Graach sels", seit er.

10:00
Hoe wurd ik in goed bemanningslid
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman is op nautysk opliedingsskip de Roermond

Ferslachjouwer Johanna Brinkman is by de seekadetten. Se sitte op it opliedingsskip de Roermond, in âld-marineskip dat oan de Sluisweg njonken it KNRM-stasjon foar de wâl leit.

François Perreau - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

François Perreau, kommandant fan de seekadetten, is ek oan board. Hy fertelt: "De jongeren kinne op dit skip sjen wat der allegearre foar mooglikheden binne. Der is sport en spul, mar ek in serieus part. Earst krije se útlis oer 'hoe bin ik ik goed bemanningslid' en dêrnei kinne se kieze út ferskate rjochtingen: it fak logistyk, sis mar de kombuis, de technyske tsjinst (de masinekeamer), de nautyske tsjinst oan dek en de lytse fartugen. Letter kieze se faak foar de marine, de seefeartskoalle of foar techyske of logitiske opliedingen.

9:30
De Lemmer yn it ljocht
Foto: Lemster Ondernemers Vereniging

Bas van Brussel

Bas van Brussel hat in fytsesaak op De Lemmer, mar wennet sels net yn it doarp. Doch is er foarsitter fan de ûndernimmersferiening op De Lemmer.

De ûndernimmersferiening organisearret allerhanne dingen yn it doarp om de sfear deryn te hâlden. Sa is der wykeins yn de simmer in strjitakt. Dizze kear in muzikant, fertelt Van Brussel. En by sfear heart ek ferljochting. Dêrom wurde de brêgen en de tsjerke jûns yn it ljocht set en "dat geeft een mooie gloed onder de bruggen", seit Van Brussel.

7:00
Goeiemoarn!

Goeiemoarn! It is de fjirde wike fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne wy op De Lemmer.

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Tiisdei wiene wy yn Starum. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)