Efterút en foarút sjen op de reüny fan it gouden follybalteam fan 1996

05 aug 2021 - 07:22

It follybalteam dat yn 1996 goud wûn op de Olympyske Spelen yn Atlanta wie woansdei byinoar yn Arnhem foar in reüny. It wie op de kop ôf 25 jier lyn dat se yn in spannende finale fan Italië yn de fiifde set wûnen mei 17-16. Der wiene ek Friezen by, lykas coach Joop Alberda en âld-spilers Jan Posthuma en Olof van der Meulen.

Hendrik-Jan Held en Ron Zwerver yn 1996 - Foto: ANP

Op de reüny waard noch in boek presintearre, dat skreaun is troch âld-spiler Ron Zwerver. De spilers krigen allegear in eksemplaar fan Eeuwig Goud.

Soad meimakke

By ûnder oaren Jan Posthuma komme de oantinkens wer boppe. "It is leuk om de jonges wer te sjen. We rinne inoars doar net plat, mar it is grappich om inoar wer te sjen. Je hawwe dochs in soad meimakke."

Jan Posthuma

Foar Olof van der Meulen hat it meiholpen om oan syn hjoeddeiske baan as lifestyle-coach by Topsport Noord te kommen. "Het is wel makkelijk als je een topsportachtergrond hebt."

Ik denk: hup, niet teveel achteruit kijken, maar vooruit.

Olof van der Meulen

Hy tinkt oars oer de reüny as Posthuma. "Eerlijk gezegd: het is hartstikke leuk om die jongens allemaal weer even te zien, maar het mag nou ook wel een keer afgelopen zijn. Er zijn zoveel topsporters geweest in die 25 jaar, die ook een wereldprestatie hebben geleverd en ik denk: hup, niet teveel achteruit kijken, maar vooruit."

It gouden follybalteam fan 1996

De wedstriid hat neffens coach Joop Alberda fan grutte betsjutting west foar follybal en topsport yn Nederlân oer it generaal. "Yn it follybal is it ek in ynspiraasje bleaun foar jonge follyballers. Je krije in kleau as je net mear by de bêsten fan de wrâld hearre."

Coach Joop Aberda

(Advertinsje)
(Advertinsje)