Jeugdherberch Heech oernaam en omtsjoend ta wetterherberch

05 aug 2021 - 07:01

Trije ynvestearders fan Heech hawwe de eardere jeugdherberch yn it doarp kocht. De herberch oan It Eilân stiet sûnt jannewaris leech om't it neffens de organisaasje net mear út koe. De ûndernimmers yn it doarp fûnen dat spitich en in oantal nimt it gebou oer. De namme is tenei Hotel Wetterherberch It Beaken.

Foto: Shutterstock.com (Steve Photography)

De herberch wurdt omboud ta in lúkse groepsakkommodaasje, bêd en brochje en hotel mei 150 keamers. Yn de hjoeddeiske opset binne der 182 sliepplakken, mar yn de nije opset is it de bedoeling dat de plakken wat grutter wurde. It giet net allinne om keamers, mar ek om glampingtinten en chalets.

Hegemer Mar

De eksploitaasje fan de herberch oan de Hegemer Mar komt yn hannen fan Jan IJben. It is ek de bedoeling dat it terras en de keuken harren mear rjochtsje op de wetterkant. Der wurdt gearwurking socht mei bygelyks sylkursussen.

Trefwurden: 
Heech Stay Okay jeugdherberch
(Advertinsje)
(Advertinsje)