Soarchboeren: Nije noarmen binne te strang

05 aug 2021 - 07:32

Der is ûnrêst ûnder soarchboeren yn Fryslân. Dat hat te krijen mei strangere oanbestegingsregels yn Sociaal Domein Fryslân (SDF), yn dit gefal foar de spesjalistyske jeugdhelp.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

SDF fersoarget út namme fan Fryske gemeenten de ynkeap fan bygelyks jeugdhelp. It docht no bliken dat guon soarchboeren net mear oan de nije regels foldwaan kinne. It giet dan foaral om de kwaliteitsnormearring.

De feriening Bezinn foar soarchboeren yn Noard-Nederlân hat resintlik oan de belle lutsen by Sociaal Domein Fryslân. Oanlieding is it nije easkepakket dat SDF freget foar de oanbesteging fan de spesjalistyske jeugdhelp, fan 1 jannewaris takom jier ôf.

Yn in beswierbrief uteret de feriening harren soargen oer de nije easken, dy't foar guon soarchboeren net realistysk binne. As it SDF de easken net oanpast, rint it soarchoanbod foar de jeugd gefaar, warskôget Bezinn yn it brief. Dat jildt ek foar it fuortbestean fan guon soarchboeren yn Fryslân.

"Folslein oerrompele"

"Wy waarden folslein oerrompele", fertelt foarsitter Mies Meijer fan Bezinn. "Wy tochten earst noch: "dit bedoele se sa net, want sy wolle de soarchboeren dochs net fuort hawwe?". Mar no blykt dat se it wol sa bedoele."

Der is foaral ûnbegryp oer de nije easken om't soarchboeren al oan in soad kwaliteitsregels en keurmerken foldwaan moatte, dy't lanlik akseptearre wurde.

Foarsitter Mies Meijer fan Bezinn - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Soargen binne der net allinnich oer de situaasje fan de soarchboeren. It giet Meijer foaral om de kwetsbere jongerein, dy't op guon soarchbuorkerijen in plak hawwe. As soarchboeren beslute harren net yn te skriuwen foar de oanbesteging fan it SDF, of der hielendal mei ophâlde, dan wurdt it oanbod fan plakken foar de jeugd in stik lytser. Wylst der al hast gjin alternativen binne, neffens Meijer.

Bûtenút yn Oentsjerk

Ien fan de plakken dêr't jongerein terjochte kin, is Bûtenút yn Oentsjerk. Dêr biede se lytsskalige soarch- en deibesteging oan. Mar as gefolch fan de strangere regels hat eigener Jolanda de Grijs besletten om net langer yn te skriuwen op de oanbesteging foar spesjalistyske jeugdhelp fan it SDF.

Mies Meijer fan feriening Bezinn en Jolanda de Grijs fan Bûtenút yn Oentsjerk

Mooglik kin guon jeugd dêrom takom jier net mear terjochte yn Oentsjerk. "De helte fan ús jongerein falt no noch ûnder it SDF", fertelt De Grijs. "Der binne gelokkich wat trajekten dy no al einigen. Mar der binne ek fiif of seis bern foar wa't wy noch in oplossing sykje moatte."

Jolanda de Grijs fan Bûtenút yn Oentsjerk - Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Bezinn hat fan Sociaal Domein Fryslân noch gjin reaksje krigen op it brief. De feriening wol graach mei SDF yn petear oer de nije easken. Ek De Grijs stipet de needgjalp fan Bezinn. "Der sil oars in hiel soad plak foar jeugd ferdwine", neffens De Grijs. "En der binne in soad bern dy't spesifyk nei plak by soarchboeren op syk binne. Dat sil tenei dan wol dreech wurde."

It SDF komt mooglik letter tongersdei noch mei in reaksje op de soargen fan Bezinn en de soarchboeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)