Provinsje jout 275.000 euro oan inisjativen yn it súdwesten fan Fryslân

Sechtjin inisjativen yn it súdwesten fan Fryslân hawwe subsydzje fan de provinsje krigen. It Iepen Mienskipsfûns lûkt hast 275.000 euro út foar projekten dy't de leefberens yn ferskate doarpen ferbetterje.
De Wumkesskoalle op De Jouwer krekt foar de ferbouwing © Omrop Fryslân
Germ van der Burg fan it Fryske Gea oer it Mirnser Klif
Sa giet der goed 59.000 euro nei it op 'e nij ynrjochtsjen fan it terrein om it paviljoen 't Mar en it strân by it Murnser Klif hinne. By Ychten wurdt ynvestearre yn renovaasje fan stegers en wâlbeskoaiïng en by de Dr. G.A. Wumkesskoalle op De Jouwer wurde mei de ferbouwing fan de skoalle ek in griener skoalplein en in grientetún oanlein.
Earder waard ek al bekend dat it Kameleondoarp fan Terherne allerhanne plannen hat. Foar dizze plannen is sa'n 35.000 euro subsydzje útlutsen: