FIDEO: Trije mominten fan PC-winst

"Moaier kin net. It wie sa'n ûntlading: dan fleane je inoar oan, lizze je dêr en wurdt der allinne mar raasd", sa seit Erwin Zijlstra nei it winnen fan de PC yn Frjentsjer. Mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra wûn er de finale. It wie de earste finale foar Zijlstra, hy krige fuortendaalks de keningsbal as beleanning.