Foeke Booy ûntslein út refalidaasjesintrum: hy nimt de tiid foar betterskip

04 aug 2021 - 20:04

Technysk manager Foeke Booy fan SC Cambuur hat it refalidaasjesintrum ferletten. Ferline moanne waard hy troffen troch in harsenynfarkt. De 59-jierrige Booy lei in pear dagen yn it sikehûs, wêrnei't er oerpleatst wurde koe nei de klinyk.

Technysk manager Foeke Booy fan SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân

Booy makket it nei omstannichheden goed. Hy is optimistysk oer it opknappen en nimt dêr de kommende tiid ek goed de tiid foar. Booy jout fia SC Cambuur oan dat hy tankber is foar de medyske help en alle stipe dy't er krigen hat.

De taken fan Booy binne earst oernaam troch finansjeel direkteur Gerald van den Belt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)