Van der Bos, Triemstra en Kening Zijlstra winne PC

04 aug 2021 - 20:26

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hawwe woansdei de 168e edysje fan de PC wûn. Op It Sjûkelân yn Frjentsjer wiene sy mei 5-2 6-6 te sterk foar Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Mei de huldiging waard Erwin Zijlstra ta Kening útroppen.

Gert-Anne van der Bos nei de lêste slach - Foto: Dijks Fotografie

"Moaier is der net", seit Gert-Anne van der Bos nei de tige spannende finale. "Je hawwe 'm wer ris te pakken. Je steane tsien kear yn de finale en je hawwe leaver mear earste as twadde prizen. As je letter in âld mantsje binne, kinne je weromsjen op in moaie tiid. Mar it waard wol wer ris efkes tiid."

It wie in finale dêr't it echt ticht byinoar lei en dêr't de PC pas echt spannend waard.

Partoer op sleeptou

Dochs gie it net fansels, seit ek Van der Bos. "Je witte dat je oan de bak moatte en dat je jesels útdaagje moatte." Dy rol seach hy ek foar himsels. "Je nimme it partoer op sleeptou. Je binne fan jannewaris ôf al oan it trainen. Wy giene der mei syn trijen tsjinoan. Dit is wer in prachtich moaie dei."

In earste reaksje fan Gert-Anne van der Bos

Foar Erwin Zijlstra wie it de earste kear, foar Van der Bos en Triemstra de sechsde winst fan in PC. Triemstra hat al 21 PC's op syn namme en woe 'm graach bewize. "It waard ek wer tiid, fan 2015 net mear wûn. Je hawwe in soad finalen ferlern, dan wolle je sa graach winne."

Triemstra stiet no tredde yn it ivige PC-klassemint. Van der Bos klimt de top tsien yn.

De lêste slach en de earste reaksjes

"It sit my sá djip yn it bloed, it keatsen", seit en emosjonele en suver heaze Triemstra. "Dan komt alles der út. Ik bin der hiel bliid mei. It is in geweldich partoer dêr't wy tsjin moatte, mar wy kinne se hawwe. Gert-Anne lit efkes sjen watfoar keatser hy is. En Erwin, wat in geweldner: de bear fan Littens."

It beslissende momint en reaksjes fan Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra

Nei de finale is oan Erwin Zijlstra dúdlik te merken dat syn earste PC-winst noch efkes ynsakje moat. "Yn de partij binne je der hielendal net mei dwaande, mar no begjint it troch te kringen."

Op skerp sette

Hy is mar wat wiis mei de oerwinning. "De earste twa partijen wiene wat makliker, mar dêrnei waarden wy wol op skerp set. Ik sei mei de finale: miskien komt it wol goed út dat wy wat flaterkes makken. It hat ús op skerp set. Wy bleaune trochsetten. Wy hawwe der hurd oan wurke, it is machtich dat it him sa útbetellet."

Erwin Zijlstra slacht op - Foto: Dijks Fotografie

Yn 't foar hearden beide partoeren al by de grutte favoriten foar de winst. Marten Bergsma is yn goede foarm en syn teammaat Dylan Drent hat ek in goeie yndruk sjen litten. It partoer fan Van der Bos wie wat minder konstant, mar mei Zijlstra en Triemstra hie er al sjen litten dat sy inoar bot optille kinne.

Lês alles oer dizze edysje fan de PC yn Frjentsjer nei yn ús liveblog.

It folsleine spulskema fan de PC fan 2021 (klik hjir foar in grutte ferzje):

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)