Balkster ferliest saak om skitende skiep, Ried fan Steat wiist syn eask ôf

04 aug 2021 - 16:54

In ynwenner fan Balk krijt gjin gelyk yn in rjochtsaak om skitende skiep. Hy seit lêst te hawwen fan stjonkoerlêst troch in keppel skiep tsjinoer syn hûs. De Ried fan Steat hat besletten dat de gemeente De Fryske Marren dêr neat oan hoecht te dwaan.

In skiep - Foto: Shutterstock.com

De keppel skiep rint der sa no en dan om de grienstrook te ûnderhâlden. Dat binne mar koarte skoften en dêr moat oerbuorman mar oer kinne, fynt de rjochter.

"Wurkgebiet stiet net yn bestimmingsplan"

De oerbuorman hie oanfierd dat it stik grien it wurkgebiet fan de skieppeharder is dy't de gemeente ynhiert foar ûnderhâld. Neffens it bestimmingsplan fan de gemeente soe it brûken fan sa'n stripe grien 'as bedriuw' ferbean wêze. Dus moat de gemeente tsjin de skieppeharder optrede. Mar de Ried fan Steat giet net mei yn dy redenaasje.

De rjochtkbank Noard-Nederlân die earder ek al útspraak yn dizze saak. De Ried fan Steat kaam ta deselde útspraak as de rjochtbank. Dy bepaalde dat de skiep der net altyd rinne. It giet om periodyk ûnderhâld en dus kin de situaasje sa bliuwe sa't er is,

Trefwurden: 
Balk skiep
(Advertinsje)
(Advertinsje)