Brok baarnt him net oan 'skitende Hollanners'

Kommissaris Brok baarnt him net oan de útspraken fan foarsitter Hellinga by de iepening fan de PC:" "Hy hat altyd in besteklik ferhaal, en dat is goed. It is goed dat de polityk dêrnei heart. Mar de kommissaris is polityk neutraal."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Kommissaris Brok
Hellinga sei yn syn iepeningstaspraak dat Hollanners krekt seekobben binne. Se komme, se skite en se ferdwine. Hy komt net werom op syn útspraak. Der sit in serieus boadskip achter, seit er. "Der wurdt fan alles besletten, mar de boarger hawwe wy net hearre kind."
Brok fynt dat Hellinga "in moaie bespegeling hâlden hat. Dat docht er oer it generaal hiel moai en keurich. Mar it aksint fan de moarn wie: litte wy ús sterke lanbouposysje behâlde, ek yn de takomst. En dêr bin ik it folslein mei iens."
© Omrop Fryslân

"Twadde Grinslân"

Mei de opmerking oer huzen foar forinzen út de Rânestêd ferwurdet Hellinga syn soargen oer it grutskalige bouplan as de nije spoarline de Lelyline der komt.
Hellinga: "Der wurdt fan alles besluten. De befolking moat hjiroer meiprate. Aansen binne wy alllinnich mar goed foar huzebou om sinnepanielen op del te lizzen. Dan wurde wy miskien wat Grinslân oerkommen is."
"Ik tink dat in hiel soad minsken net sitte te wachtsjen op dat it hjir folboud wurdt. Wy wenje yn Fryslân, omdat wy hâlde fan ús frijheid, de romte en ús lânskip. Dêr moatte wy pal foar stean", seit Hellinga.
Wat sei Hellinga krekt?
"It liket wol oft de noas oplutsen wurdt foar ús lânbou. Dat wy ús skamje moatte foar it feit dat wy de twadde eksporteur fan lânbouprodukten, ús iten, binne.
Lit dat net in foarteken wêze fan Fryslân oan de biddelstêf. Wylst it in dillemma wurdt, hoe't wy yn 2050 dy 10 miljard minsken yn de wrâld te iten jaan moatte.
It soe in útdaging wêze dy't past by ús Friezen, want wa yn de wrâld is beter yn steat om iten te produsearjen as wy?
Litte wy ús boeren wer omearmje lykas yn 1921. Lit harren de slach om de romte winne, mei garânsje foar behâld fan ús lânskip. Yn stee fan huzen te bouwen foar forinzen út de Rânestêd dy't hjir komme as seekobben. Se komme, se skite en se ferdwine wer."