De toan fan Froukje Sijtsma: "Op fakânsje mei single âlden"

04 aug 2021 - 09:59

"Myn freonen sieten dizze wike fol spanning te wachtsjen op ferhalen oer de ienâlderfakânsje dy't ik boekt hie. Freondinne Nienke seach it al hielendal foar har: Froukje op 'en paad mei allegear frijgeselle heiten.

Se siet dan ek fuort op it puntsje fan har stoel, doe't de dielnimmerslist fan de ienâlder-fakânsje fia de mail binnenkaam. Sels wie ik foaral benijd oft der ek oare bern fan deselde leeftiid as myn dochter meigean soenen. In wike fuort soe pas in sukses wêze, as myn famke it goed nei de sin hâwwe soe.

Mar myn freondinne hie mear each foar oare details. "Oe, je bent het jongste moedertje, Frouk. Maar je krijgt het deze week niet zomaar cadeau. Je zult wel even je best moeten doen, want Alies37 is ook mee, en Monique39 gaat haar koffers ook nog uitpakken." Nienke naam de list nochris goed troch. "Nou, zo te zien is er ook voldoende mannelijk aanbod hoor. Niels38, Peter39 en Alex40, dat zouden wel eens potentieeltjes kunnen zijn hoor."

Om earlik te wêzen moast ik foar dizze ienâlderfakânsje wol in drompel oer. De simmerfakânsjes fyn ik sûnt ik single mem bin konfrontearjend. Want ynienen dogge je saken allinnich dy't je earder mei-inoar dienen. De earste simmerfakânsje allinnich mei myn famke, no trije jier lyn, sit noch farsk yn it ûnthâld. Ik hie in pipowein boekt. Amber fûn it allegear fantastysk, de rôze gerdyntsjes, de grouwe hunebedden en mei mem op safary yn Emmen. Se hat it der no noch wolris oer.

Ik bin bliid dat sy dy oantinkens deroan hat, want ik sjoch mysels soms wer skriemend yn de auto sitten. It famke koesend op de efterbank, ik mei dikke triennen oan de telefoan mei myn sus, om't ik soms ek net mear wist hoe't ik it allegear hawwe moast.

Ferline jier gie it aldergeloks al in stikje better, mar dochs is allinnich mei in bern op fakânsje ek wolris dreech, om't je sels ek op azem komme moatte.

Dus dêrom gie ik dizze simmer mei 'gelijkgestemden' op fakânsje. Yn de ferwachting dat je fan inoar witte hoe't it soms fielt as single âlder en dat de bern inoar wol fine. Mei in groep fan sa'n 20 folwoeksenen en 30 bern sieten we ôfrûne wike yn in fakânsjepark yn Drinte. Elts hie syn eigen húske tusken de bosken, mei in grutte partytinte yn de midden om inoar te moetsjen.

Amber fûn op de earste dei by de yntroduksje-aktiviteit fuort al in leuk freondintsje: Julia fan 6. Op de twadde dei dienen we bûten in groepsaktiviteit doe't in lokale stoartbui alles yn it hûndert jage. Eltsenien socht gau om in droech plakje. En foar't ik it wist boarte Amber mei har nije freondintsje Julia yn ús fakânsjehúske, en siet ik mei Alex40, de heit fan Julia, oan 'in lekker bekske koffie', sa't se dat yn Tilburg sizze.

En in pear oeren letter leinen we mei ús fjouweren al yn it subtropysk swimbad en roetsjen we fan de Wildwaterbaan. "Niet verliefd worden he, pappa", makke syn dochter him mei twingende eagen dúdlik. Jûns appte ik freondinne Nienke fuort mar efkes in update: "Het gaat hier goed hoor. Ik heb al even met Alex40 in de stroomversnelling gelegen."

De groepsdynamyk en it mei-inoar buorreljen dêr't ik op hope hie, kaam troch it Nederlânske waar en de húskes dy't dochs wol in stikje útinoar stienen net folslein op gong. Op in kamping mei de tinten ticht by inoar soe soks makliker gean, waard sein, ek om't je dan de bern better yn de gaten hâlde kinne.

En dêrtroch barde it dat ik gauris mei Alex40 en de twa famkes op 'en paad gie. Nei it swimbad, in stikje te farren of te fytsen of in rûnlieding troch in kastiel. In situaasje dêr't ik út 'helicopter view' wei wol om laitsje moast, om't it krekt like oft wy in stel mei twa bern wienen.

De ienâlderfakânsje waard in fantastyske wike, mei Alex40, mar ek mei Monique39, Niels38 en al dy oaren, dy't it lyk as my hearlik fûnen om yn it modderige gers fan in fakânsjepark mei in wyntsje yn de hân te dûnsjen op simmerske muzyk.

En wa wit takom jier simmer dan mar in kear kampearje mei in ienâlderfakânsje, mar dan moat ik earst noch wol efkes in lyts drompeltsje oer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)